In oangripend liet fan de ferneamde Rely Jorritsma’s út Mantgum. Mei in ynlieding fan Janny van der Kramp, fan Omrop Fryslân.
Klik op ‘e tekst foar de muzyk.
In oangripend liet fan de ferneamde Rely Jorritsma’s út Mantgum. Mei in ynlieding fan Janny van der Kramp, fan Omrop Fryslân.
Klik op ‘e tekst foar de muzyk.
Klaas Jansma ûntfangt yn syn romrofte programma ‘Lettergek!’ de dichters Jelmer Soadsma en Appie El-Hazred. It is in skokkende útstjoering wurden…
It hûntsje wie efterbleaun by de keldersdoar en siet no oan ien stik troch te blaffen. ‘Ja hear… ik hear dy wol Bearke… âld kefferke,’ sei de man, dy’t ûnder yn ’e kelder oankaam wie. ‘Ik kom aanst wer by dy… it baaske moat earst wat wichtichs dwaan, dêr kinsto net by wêze te drokte meitsjen, miskien smytst noch wat stikken… no, dat kinne we net hawwe no?’ It hurde ljocht dat fan it keale lampke kaam, die him suver sear oan ’e eagen. Hy seach nei de buorden, lofts seis fan de grûn ôf, yn ’e midden, foar him, wer seis en rjochts fan him nochris seis, allegearre twa meter lang en sa’n tweintich sintimeter breed en hielendal fol steand mei wekflessen en wekpotten.… Lês fierder
Klik op ‘e foto
Hjoed presintearret Duo von Däniken in unike lûdsopname út 1997 fan de Jeremiablues. Dizze blues wurdt songen troch dûmny Liuwe Zelle fan Ternaard. Zelle woe doedestiids in wat modernere oanpak fan de tsjerketsjint ynfiere, mar de tsjerkegongers wiene dêr net sa wiis mei, it bleau by ien kear…
De sjongtekst komt út ‘e Bibel, út it boek Jeremia.
Wa’t de gitaristen en de drummer binne is net bekend.
Lûdstechnikus fan Omrop Fryslân Jan Harkema fûn yn syn kelder in âld singeltsje fan de Dokkumer formaasje Sticky (1968-1970). Harkema hat de muzyk hielendal oppoetst en digitalisearre. Harkje nei it prachtige, foar dy tiid frijwat provosearrende nûmer Smook.