Hidde Boersma

Fol túch yn ’e mist

logo.ensafh

(Foarpublikaasje fan Hidde Boersma syn ferhalebondel Fol túch de mist yn, dy’t yn maaie ferskynt by De Friese Pers Boekerij)

‘Wêr is it Beest?’ freget de kalme en goedhertige skipper, dy’t froeger noch yn Wiuwert wenne hat yn it hûs neist dat fan myn âlden, wylst er de kopspring foar my om in stegerpeal hinget.
It Beest, dy beneaming foar de skipper fan ’e Mon Désir, dêr’t ik maat op bin, hie ’k noch net heard. Mar dy namme past him oars wol.
‘Hy leit siik op bêd,’ sis ik, ‘en stelt him freeslik oan.’
‘Dat ferwûnderet my neat,’ laket er, ‘is it oars wat mei him út te hâlden?’… Lês fierder

Sigrid Kingma

Sirkwy.nl: net sa foardielich

logo.ensafh

No’t wy it dochs oer literatuer hawwe…
Op 9 april waard yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar de webside www.sirkwy.nl offisjeel de blauwe e-loft ynstjoerd. In grut spektakel fansels! De webside waard opsetten mei it ambisjeuze doel om Fryske literatuer op ’e nij ûnder de oandacht fan de befolking te bringen. Fjouwerentachtich Fryske klassikers, wêrfan’t guon al in moai skoft net mear drukt wurde, binne tagonklik makke as e-book op de webside. Troch in nije printtechnyk is it no ek mooglik om sa’n boek foar in skaplik pryske op bestelling printsje te litten, wat se mei in moaie Fryske namme ‘Printing On Demand’ neame.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 27

logo.ensafh

Poëzy

Yn dizze ôflevering wer in gedicht fan Ruurdtsje de Haan út har rige gedichten nei wurk fan de graficus E.M. Escher, no it gedicht ‘De grantige djipte’:

‘It aard is it ferskil tusken wurden,
aldergeloks prate fleanende fisken net.
….’

Proaza

Foar it earst draacht Neeltje Bonnema in ferhaal by oan ensafh. It ferhaal oer sparjen, it hyt ‘Der binne grinzen’: ‘Se hie it ding kocht by de Hema. Op in hurde, reade plestik ûndergrûn sit in lange priem. Earst hie se de standert yn it midden fan it buro te stean, de foto fan Wouter fansiden skood.’ Fan Neeltje Bonnema ferskynde yn 2006 de ferhalebondel Rachlan.… Lês fierder

Skermer

Myn inerlik lichem meldt him

logo.ensafh

Ik fiel my los en net bestjoerd troch mysels.
In skip dat lossmiten is.
Ik driuw los om yn mysels.
Lykwols bin ik net dêr’t ik bin.
Ik bin licht yn ’e holle.
Ik ha ek pineholle.
Ik fervje de keamer, ik doch de tún.
Mar ik bin net ferbûn.
In oar docht it.
Ik ha net it idee dat wat ek mar no in boei wêze kin.
Immen opsykje net.
In praatsje op ’e dyk net.
Mei myn frou op bêd gean net.
In ein fytse net.
It lân yn rinne net.
Nei muzyk harkje net.
Ik ha gjin hâld.… Lês fierder

Willem Winters

Diktee

logo.ensafh

Oft ik mei die oan it Groat Leewadder Diktee? Hawar, ik doch it. Ik bin dan wol in Feenster, en yn it Feensters klinkt it faak krekt wat Nederlânser as it Liwadders. Mar ik kom.
Moai op ’e tiid stap ik it stêdhûs yn, boppe is kofje. Om dêr te kommen moatst oer in glêzen flier en glêzen treppen. De akkomodaasje fan myn eagen is net optimaal, ik sjoch de hichteferskillen mar min, foaral op sa’n glêzen trep mei ljocht fan ûnderen. In oare gast dy’t mei my oprint, klaget ek bot oer dy glêzen flier, hy hat hichtefrees. Wy kinne wol gek wurde yn sa’n glêzen doalhof.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

De grantige djipte

logo.ensafh

It aard is it ferskil tusken wurden,
aldergeloks prate fleanende fisken net.
Sy sjogge nei de wrâld en misse in moat
yn de skiif fan harren eagen, draaist se
in kwartslach en de slach mist in hert.

Harren likense ôfstân hjit ‘moai’ of
‘mâl’( wat in âldfrinzige begripen!)
en brekt de oere fan hjoed soer op.
Wurden skolperje as morele katers
of driuwe mei slûpende wille troch it ear.
Soms dogge se je eagen sear. Gearkrongen
gûnzje se mâl, se laitsje je út,
mei om de mûle in grantige trek
dy’t mear en mear op kleare grime liket.

Yn de spegel sjoch ik in frou
mei ûngelikense eachbrauwen.… Lês fierder

Neeltje Bonnema

Der binne grinzen

logo.ensafh

Se hie it ding kocht by de Hema. Op in hurde, reade plastyk ûndergrûn sit in lange priem. Earst hie se de standert yn it midden fan it buro stean, de foto fan Wouter fansiden skood.
Sa yn it midden wie miskien dochs te opfallend, krekt as soe dy priem it wichtichste wêze. En dat wie net sa, of leaver sa moast it net lykje. En it wie ek net sa, it wurk, dêr gie it om. Se hie der rjocht op. It wie der by ynbegrepen, it stie goed yn de funksjeomskriuwing. Dêr hie se goed op lette moatten, wat der krekt stie yn dy omskriuwing.… Lês fierder