Simen Oetie

Kabouters yn Kopenhagen

logo.ensafh

De jûn hie joalich west, mar by de grins begûn it gemiter.
Hy folge by freonen it fuotbaljen, smookte en sûpte wat mar net yn’t mâle; foaral gekjeie mei wurden, langút. De wrâld wat omkeare.
Yn ’e iere moarn wie er ôfset foar syn misje, no hast fjirtich jier lyn. In poepesintsje lake him ta. It âlde keverke, mei sa’n lyts efterrút, rûn poerbêst. Krekt as it hielal skynde it libben him ûneinich. Mar Nije Skâns foarby waard er keard.
De Dútske dûanelju bearden dat er útstappe moast. Hja skoden it folksweintsje út it sicht wylst him alle spullen ôfnommen waarden.… Lês fierder

A. IJ. van den Berg

In debutante yn it byntliif

logo.ensafh

It wie in goed idee fan Tineke de Jager – van der Zee om in boek te skriuwen oer de Dokkumer froedfrou Catharine G. Schrader [1656 – 1746]. In fraach is foar my al oft de romanfoarm dêr ta wol de bêste mooglikheden biede koe.

Catharine G. Schrader har namme libbet ek hjoeddedei noch altiten fierder, troch in nei har neamde stichting. Dy hat ta doel om de kennis oer de kreamkunde te befoarderjen. Har rom tanket se oan har praktykdeiboek, dat bewarre bleaun waard, en in hiel rike boarne is fan details oer berten yn ‘e achttjinde ieu. Miskien wol de iennichste boarne.… Lês fierder

Jaen

Fryske soarch

logo.ensafh

Woe ik in boek keapje foar
in omke dy’t in oanfaltsje hân hie
tocht ik der is in boekwinkel

yn it MCL, moatst miene, twa
Fryske boeken stiene der
en dy hied er sels thús wol

dat ik frege: wêrom
ha jim hjir net mear
Fryske literatuer

de frou achter de kassa seach my
fernuvere oan en sei: daar
vraagt nooit iemand naar

Soe ik in blomke meinimme
foar in operearre mem, út ’e
blommewinkel yn it MCL

wolst wol leauwe, net ien Frysk
kaartsje op ’e baly
en Hollânske wol hûndert

dat ik frege: wêrom
it fanke seach my oan
as kaam ik fan in oare planeet

en ik wit net wêr’t it meast om wie
om mysels dat ik dochs in kaartsje
kocht – de blommen wiene moai – of
om dy Friezen dy’t der net nei freegje

mar ik WÛN MY NOCH AL OP

Moatst net dwaan, sei F.,Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (2): It paad fan de Moanne

logo.ensafh

It tydskrift de Moanne is fuortkommen út Trotwaer. Wie der earst in literêr tydskrift, no is der – sa’t it yn it kolofon omskreaun wurdt  – it ‘algemien-kultureel opinyblêd (mei Trotwaer, literêr tydskrift sûnt 1969)’. Wêrom’t dat lêste, tusken heakjes pleatste, der noch by stiet? It sil wêze om it histoarysk bewustwêzen fan de lêzers yn stân te hâlden en om de bûtenwrâld net út it each ferlieze te litten of der sels fan te oertsjûgjen dat de literatuer ta de kearn fan it blêd heart. Mar ja, út hoe’t it blêd oantsjut wurdt kin allinne mar opmakke wurde dat de literatuer de ûnderlizzende partij wurden is.… Lês fierder

Heidi Andringa

Aaiskyl

logo.ensafh

Om bittertafel glimpkjend leedfermaak
bysittend folk wat stive blêdeklauwers
dreech, dûbelnekkich, stik foar stik oansjouwers
fan rederykdom, harren earesaak.

Guon ferversfeinten wakker teatraal
de skildersezel fan ús taal hantearje,
steltrinnen yn har rûntes útprebearje;
wiisgearich dogge hja har waarferhaal!

Hast geniaal, de meidielsume taal
fan aaikes yn wurdlidpatroan op rige;
werhellings noch net om har teksten lige.

Oarspronklik sizzen fier fan selebraal
neat sjocht yn ’t sinteklaasferhaal. (mei niget
oan ferbyldzjen socht aaikebrieder taal.)

(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh site it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir.Lês fierder