Wobbe Atsma

Yn exelcis

logo.ensafh

Wat in lûd, wat in frommes. Op it poadium klonk út de spegel fan de tiid in stim as in hûs. Dy kreake al wat yn ’e foegen, mar koe nei alle gedachten fan it dak ôf noch bêst de himel berikke. Bravo! In iepen doek foar it optreden fan Chi Coltrane yn it teater. It slachwurk, de basgitaar en de grutte piano by dat ferskuorrende leven fan de grand old little lady soargen bytiden foar fjoerwurk. De oerklanken út de santiger jierren daveren mei geweld oer de seal hinne en luts it entûsjaste publyk mei werom yn de tiid.
Ik hie dy stap flak foar de foarstelling al dien, wylst ik yn ’e foyer nijsgjirrich it konsertfolk deryn kommen seach.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Fansels

logo.ensafh

Hjerstblêden suchtsje: ik kin gjin ljocht mear fine,
mar man dêr is de hjerst ommers foar útfûn.
Myn nije skuon deadzje by elke stap lytse dieren,

dat is it lot.

Soe ik no stjerre, it koe my neat skele.
It is foar famylje en freonen dat ik der bin.
En fansels foar de Fryske literatuer.

Klik hjir om it gedicht út ’e mûle fan ’e dichter te beharkjenLês fierder

Skermer

Poertsjuster

logo.ensafh

It wie middennacht. Ik stapte nei bûten ta en seach ta myn ferrassing dat it ljochtmoanne wie. De moanne wie hielendal fol. Ik moast tinke oan passaazjes út Walden fan Henry David Thoreau út 1854, dy’t ik krekt dizze jûn lêzen hie, passaazjes oer rinne troch it tsjuster.
Yn Walden beskriuwt Thoreau de twa jier dat er – by wize fan eksperimint – weromlutsen wenne yn in selsboude hutte by de troch bosken omjûne mar Walden Pond yn it noardeasten fan Amearika yn ’e steat Massachusetts en libbe fan de beanne dy’t er ferboude en ferkocht en fan wat er byinoar fiske yn ’e mar.… Lês fierder

Rein de Lange

thúskomst

logo.ensafh

                                                  foar Saske

it eilân slacht har doeken ôf
byt parten út de kim
tichteby leit hjir myn memmelân

de stjoerman ropt om alle hens
strunende skuorwinen meitsje
dit sicht suver huverich

ik kin har hast reitsje
mei myn hannen, hast
har teare holle tútsje

dochs in izige ûnrêst
ferwûnet it paad
blyn farwetter foarút

soe har werkenning
noch knypeagje nei my?… Lês fierder

Jouke Hylkema

Branje foar de blinen

logo.ensafh

‘Hee Morgan…!’ De donkere fyftiger seach op doe’t er de limûsine útstapte.
‘Mista Yllema… wat dogge jo hjir yn Den Haach?’
‘Ik haw in fraachpetear foar Ensafh.’
‘Enza..?’
‘Ja in literêr blêd út Fryslân, it hjitte foarhinne Farsk.’
‘Farc?’
‘Farsk! Mar eh do buorkest de lêste tiden ek hiel aardich sjoch ik… net gek… limûsine, bestjoerder, krytsjestreek, rolex. Dochst neat mear foar fakbûn ju?’
De swiere donkere man lake him in huodsje. De holle grut as in fuotbal.
‘Ik bin mei it fakbûnswurk opholden, krige tefolle lêst fan ’e rêch.’
‘Hoe no?’
‘No ja minister wêze ûnder Mugabe is nochal dreech wurk… lyts bedriuwsûnkje hân sis mar.’… Lês fierder

Willem Winters

Kongo

logo.ensafh

Miljoenen Kongolezen hat er deade, hannen en fuotten ôfhakt of oars tramtearre. Dat resultaat stiet op namme fan Leopold II, kening fan België 1835-1909, dy’t de Kongo as privee-eigendom útrûpele.
Sels hat er nea yn de Kongo west, net iens yn Afrika. Hy stjoerde dêr sa syn mantsjes hinne dy’t it smoarge wurk dwaan mochten. Sels de ferneamde Britse Afrika-reizger Stanley wist er foar him yn te nimmen.
Ferline jier lies ik in boek *) oer dizze swarte side fan de Belgyske skiednis. No woene wy mar ris nei de restanten fan dit bewâld, yn Tervuren, by Brussel.
Der stiet in ûnbidich museum, earder it Koloniaal Museum neamd, no it Afrika Museum.… Lês fierder