Skermer

Tsjêbbe en Cornelis

logo.ensafh

Op it weblog fan Cornelis van der Wal lies ik dit: ‘Ja, ik wie tige kritysk foar de Literatuerbefoarderer oer, om’t it tsjintwurdich allinnich mar de Bard T.H. is dy’t alle moaie opdrachten en optredens taskikt kriget. Der binne mear dichters yn Fryslân, menear T.O. En ik haw it net iens yn it foarste plak oer mysels, al spilet dat fansels ek in rol.’ Dit is in hieltyd weromkommend tema by Cornelis. Ik wit net oft Teake Oppewal fan Tresoar ferantwurdlik steld wurde moat foar it feit dat Cornelis en oaren nea oan bar komme. It is no ien kear net oars, Tsjêbbe is kolossaal, de wrâld sjocht allinne him, wol him ha.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Earst dit. De redaksje fan ensafh lokwinsket Anne Feddema fan herten mei it takennen fan de Gysbert Japicx-priis 2009!

Dan:

It hat in simmerlang duorre, faaks te lang, mar it is safier. Der stiet wer in nije ôflevering online.

Heidi en Edwin de Groot drage in gedicht by. Heidi is útskroeven oer ‘barnstien’. ‘Roomske monolooch’ fan Edwin de Groot, mei dêryn de rigel ‘Al draait om ús, Galileo Galilei!’ hat al yn de papieren ensafh nûmer 4 stien, mar is dêr spitigernôch net goed ôfprinte. Dêrom hjir no nochris. Ek no noch net sûnder wryt of slyt, yn de earst strofe rinne noch twa rigels oer nei de folgjende rigel, dat hat te krijen mei de bledspegelbreedte, it is net oars.… Lês fierder

Sjoerd Spanninga

Indian summer

logo.ensafh

Indian summer

De jûn,
In readhûd,
Sit foar de wigwam fan de nacht te smoken,
En rikket de prairy en bosken fol skimer.
Dan nimt er syn rûnstjûnige kano,
De moanne,
En set koerts oer de grutte stjerrestream
Nei de blinkende mar fan de moarn,
Dêr’t de himel syn frede yn spegelt.

Indian summer

De avond,
Een roodhuid,
Zit voor de wigwam van de nacht te roken,
En dampt de prairie en bossen vol schemer.
Dan neemt hij zijn rondstevenige kano,
De maan,
En zet koers over de grote sterrenstroom
Naar het blinkende meer van de morgen,
Waar de hemel zijn vrede in spiegelt.… Lês fierder

Heidi

Barnstien

logo.ensafh

yn skom bebêde leit it dêr,
fersmiten hast, oanspield
bewarre ljochtfang út djipten wei
fan ivich weagjend wetter

wûnfocht út rûzjend baltysk grien
ferstienne yn syn tiidsferhaal
omwinteljend yn tsjusterens
bereizget sâlte grûnen

trochsichtich goud, omsletten
stjurre libben dat brâning socht
en ljochtomspield klear tsjûgje wol
fan ûnbeslipe skjintme.… Lês fierder

Bert Bakker

Come-back op de Mont Ventoux

logo.ensafh

Bedoin, Súd-Frankryk, 24 july1990 – Ast no by de iene lâns of by de oare lâns de Mont Ventoux beklimst, dat makket net safolle út. De tocht is swier en fol lijen. Do klimst yn ûngefear 20 kilometer fan 300 nei 2000 meter. It is ek foar in betûfte hurdfytser ûnmooglik om in tempo te bepalen. As ik in berch beklim, dan bepaal ik hoe lang ik der oer dwaan wol. Ik wit wêr’t ik oan begjin en ik hâld net fan tafallichheden. In beklimming beskôgje ik – yn neifolging fan Jan Kal – net as in ynspanning, mar as de eksakte útwurking fan in idee.… Lês fierder

Willem Winters

Famkesboeken

logo.ensafh

J.H. Brinkgreve wie in suksesfol skriuwster fan in sechtich famkes- en jongesboeken. Fanwege de moaie omkaften en de prachtige fantasybelettering keapje ik in pear; ik begjin te lêzen mei Met Jet en Ine in een woonwagen [1934 ill. Miep de Feuter]. In braaf ferhaal oer twa suskes en twa freonen dy’t op fakânsje geane yn in wenwein, dy’t by in boer op it hiem stiet.

meisjesboek1

Op in stuit wie it my oft ik in skok krij. Doelt de skiuwster op wat oars as dat der stiet? Erotyk? De famkes freegje sa faak wannear’t beide jonges wer ris lâns komme sille en sjogge hja se oankommen dan fleane se harren om ’e hals.… Lês fierder

Rieuwert Krol

Iensume bylden of bylden fan iensumens – Oantekenings oer de resepsje fan Sjoerd Spanninga

logo.ensafh

Der is net in protte skreaun oer de dichter Sjoerd Spanninga. Wat der al skreaun is bestiet foar in grut part út resinsjes. No’t yn 2007 troch Jabik Veenbaas en Abe de Vries mei de blomlêzing Indian Summer in kar út it dichtwurk fan Spanninga makke is, is it nijsgjirrich en besjoch in pear mieningen oer dizze noch altyd net goed te pleatsen poëzij.

Yn it stik ‘Spanninga en it kwea’ (yn Identiteit en kowesturten) skriuwt Abe de Vries dat it hiele dichterskip fan Spanninga ta in skyld wie fan syn skrutene hâlding foar de wrâld oer. Syn hâlding wie neffens de Vries in loyaliteit oan de muze.… Lês fierder