Wa wint de GJ-Priis 2009? (6)

logo.ensafh

Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: diel (1), (2) (3), (4) en (5).… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (5)

logo.ensafh

Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: diel (1), (2) , (3) en (4)

 

 

Boukje Wytsma – De dichter swijt

By Utjouwerij Fryslân/Afûk kaam yn 2005 de achtste poëzybondel fan Baukje Wytsma út ûnder de paradoksale titel De dichter swijt.… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (4)

logo.ensafh

Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: diel (1), (2) en (3).

Nyk de Vries – Motorman

Eerst stie dizze bondel ‘proazagedichten’ net op de lange list fan de Gysbert Japic-Priis 2009 foar poëzy, mar is troch in yntervinsje der dochs oan taheakke.… Lês fierder

Nyk de Vries: proaza op muzyk

logo.ensafh

Nyk de Vries is skriuwer en muzikant. Hy wennet tsjintwurdich yn Amsterdam. Mei syn proazagedichten treedt er gauris op. Op dit momint is er dwaande mei it album ‘Ik dook in een baai’, de cd-ferzy fan de bundel Motorman.

De earste miksen fan it nij te ferskinen album ‘Ik dook in een baai’ hat er koartlyn op syn Myspace setten. Klik hjir om de earste fiif tracks te belústerjen.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Suffertsje

logo.ensafh

‘Wat in aparte namme foar in auto!’
‘Hmm… ik fyn it wol in tapaslike namme, in Frysk ferlytsingswurd foar grutte broer, de SUV (Sports Utility Vehicle). Us projektlieder is Ljouwerter fan berte, hy hat de namme betocht.’
‘Ah… wêr stiet dy namme krekt foar dan?’
‘Wolno… yn gearwurking mei in bekend Frysk automerk hat ús bedriuw: ‘Frisians Engineering Rattekrûddjoere Systems (FERS), it Suffertsje ûntwikkele, bedoeld as in lytse hybride SUV… sis mar as andert op ’e krisis yn ’e auto-yndustry en twads om de útstjit fan koalstofdiokside tsjin te gean. Se stjit mar 1,05 gram de kilometer út. In revolúsjonêre auto foar op ’e Fryske diken, mar ek in auto dy’t foar ferskate befolkingsgroepen tagonklik is, in gesinsauto dy’t tagelyk útboud wurde kin as fette bak foar hiphoppers en topfuotballers.’… Lês fierder

Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set (9)

logo.ensafh

Dit is de njoggende en lêste ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk. De eardere ôfleveringen stean op ensafh 1, 2,3, 4 , 5 , 6, 7 en 8 (sjoch Argiven).

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning.
Lês fierder

Eric Hoekstra

De Fryske Buddy

logo.ensafh

It is in skriklik ding en wês
buddy fan in aidspasjint, lês
boeken dy’t er skepsum skreau
foar’t er yn Amnesia bleau:
coke dy hold him oan de lijn,
bondage fûn er tige fijn.

Fan ’e hichten en lichten fan ’e geast
is er stammerjendewei fertein.
Werom op syn taalyntymst domein
socht er yn ferjittelheid treast.

Noch resitearret er in pear sterke stikken
want identiteit wurdt stal jûn yn ferhalen,
mar op it toetseboerd fan geast is net te tikken,
it bliuwt by jammerdearlik rûge halen.

Sjedêr op dy scan ferfykt it mês
fan sykte sel, ferhaal, identiteit.
Alderiensumst is de opdracht en wês
freon fan heit-en-memmy’s sike taal.… Lês fierder