Skermer

Gelokkich, hjoed wol wer

logo.ensafh

Doe’t ik juster in cd mei motetten fan Claudio Monteverdi opsette klonken de stimmen en de muzykynstruminten skerp, keal, leech, net oangenaam, net rêstich. Der is neat dat sa goed foar my is as de muzyk fan Monteverdi. Mar juster snijde it my troch de holle.
De titel fan de cd is Un concert spirituel mei as ûndertitel Concerto Vocale.
Ik ha de cd krekt beharke om te hearren hoe’t it hjoed klinke soe en no wie it goed, de stimmen klonken oangenaam, rêstjaand, sêft, fol.
De cd is útkommen yn ’e rige Musique d’abord fan it label Harmonia Mundi.
Foar op ’e hoes fan ’e cd stiet ek noch de namme fan ’e dirigint: René Jacobs.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

as klaai

logo.ensafh

foarmjend draait it klútsje
dyn weakens lit ’m knipe
krijst de namme
sa’t ik dy hjit
ûnder myn hannen krijst stal
al draaiend befingerjend
klútsje klaai nei myn byld

mei de goede oanpak en dosearring
rûnens en kontoeren sichtber
hjittens fan ûne feriviget dy
kuollest myn tins ta wierens… Lês fierder

William Carlos Williams

Dit eefkes / This is Just to Say

logo.ensafh

Dit eefkes

Ik ha
de prommen
út ’e koelkast
opiten

dyst fêst
bewarje woest
foar
fannemoarn

Ferjou my
se wienen hearlik
sa swiet
en sa kâld

Oersetting: Piter Boersma

This is Just to Say

I have eaten
the plums
that were in
the icebox

and which
you were probably
saving
for breakfast

Forgive me
they were delicious
so sweet
and so cold… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn dizze ôflevering stiet nei ‘Fryske Buddy’ yn de foarige ensafh op ’en nij in gedicht fan Eric Hoekstra, dizze kear fol mei (taalkundige) kaprioalen: ‘De p en de d steane foar soixante-neuf.’ It hyt net foar neat ‘Kosmyske lustposysjes yn in nút.’

De jonge dichter Geart Tigchelaar is ek fan de partij. Hy draait en befingeret in klútsje klaai.

Fan Willem Winters is der de twadde ôflevering fan ‘Swarte Waaksens’, in konfrontaasje tusken byld en tekst.
Jouke Hylkema ferkeart as skriuwer fan ferhalen yn ensafh gewoanwei yn it hjir en no, yn syn bydrage yn dit nûmer giet er net foar neat werom nei 1995.… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (7)

logo.ensafh

Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: diel (1), (2), (3), (4), (5) en (6).… Lês fierder

Eric Hoekstra

Kosmyske lustposysjes yn in nút

logo.ensafh

Yn stilte mûlkje lippen poëzy
wylst oaren beulsbretaal mobyls beraze.
Ik tonkjefrij mei jim, leave lidden,
en fier mei jim de lustposysjes út.

Midden ûnder it bidden kriget de call-centre operateur
in fisioen fan ’e spuitsjende god, jokk’t ’m de holle-nút.

Frees net, dimmene fammen, foar de opperteur fan fantasy,
hy rimet al syn langstme del yn selsbefre’igjende poëzy.

De p en de d steane foar soixante-neuf,
by de glêde j besljurket er in juf.
Op ’e f’en leart er fellaasjo,
by de O taast er yn jo skerte-i-o,
jo, i-a, jo, op-en-dellet syn ezelsnút
âlet jo-ho alle langstme derút:
net nei te kommen ûnsisbere discursio.… Lês fierder

Willem Winters

Swarte Waaksens (2)

logo.ensafh

Foaropwurd

Yn de byldzjende keunst is it net ûngewoan dat in keunstner seit ûndersyk te dwaan nei de ferhâlding tusken X en Y, tusken it iene en it oare.
Yn dat ramt hat ûndersyk in tige subjektieve betsjutting, dat yn tsjinstelling ta wittenskiplik ûndersyk dat objektyf heart te wêzen.

Sa moat men Swarte Waaksens ek sjen as in eksperimintsje (in ûndersyk) om nei te gean hoe’t tekst en byld harren ta inoar ferhâlde en wat it effekt is.

Ik fûn wûnderlike plaatsjes fan in man yn in ûnderbroek mei frjemde rûtes op syn liif.*
Sokke foto’s, dêr moast ik wol teksten by meitsje.… Lês fierder