Ut de top fan in hege slanke pagoade barste swarte reekwolken nei bûten, se bolderje sa de blauwe loft boppe it sintrum fan Phnom Penh yn. Krekt oankommen yn de keninklike haadstêd fan Kambodja en noch wat mei de fibraasjes yn it liif fan de jet lag sjoch ik nei it wûnder. In pagoade. En dan as fabrykspiip. Dogge se soks hjir op dizze wize? Ik bedoel it kamûflearjen fan in fabrykspiip troch der in pagoade om hinne te bouwen? Pakke se soks hjir sa oan? Wat in respekt foar de omjouwing. Yn in gebou neist de pagoade sit in kloft minsken noflik by elkoar.… Lês fierder