Eric Hoekstra

Waatze Gribberts Brulloft 7

logo.ensafh

(Dit is de sechsde ôflevering, de foargeande stiene op Farsk 121 en 122, 123, 124 en 125, sykje ûnder de rubryk Auteurs by Eric Hoesktra (dy’t de tekst oerbrocht hat nei de hjoeddeiske stavering; de ynlieding wurdt by elke ôflevering op ’en nij pleatst; mei dêrby in kommintaar by de oanbelangjende ôflevering)

Persoanlike noat (Subjektive ynlieding)

O eal hear fan smachtsjende Lêzers en Leafhawwers fan 17e ieuske Fryske literatuer – ha ik sa myn manmachtige doelgroep net moai krekt omskreaun?

Ja, de simmer is oer syn langste dei hinne, de moanne hat fol west en yn it skûlliif fan ‘e natuer ripet it sie fan fruit en nôt.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 127

logo.ensafh

Farsk (en Hjir) fierder ûnder in nije namme
Dit is de lêste ôflevering ûnder de titel Farsk. Farsk hat dêrmei syn 6e jiergong folmakke en giet hjirnei fierder ûnder in oare namme.
Wêrom?
It tydskrift Hjir en it ynternettydskrift Farsk ha yn 2008 redaksjoneel de lapen gearsmiten mei it doel om mei yngong fan 2009 te fusearjen. De reden: yn Hjir en op Farsk publisearren foar in part deselde auteurs, de tydskriften stiene ynhâldlik ticht byinoar, se soene inoar ynhâldlik en redaksjoneel fersterkje kinne. Sa soe in stevige basis lein wurde kinne foar de beide tydskriften ûnder in nije namme.
En sa sil it no.… Lês fierder

Bartle Laverman

Tory Island 1

logo.ensafh

Tory Island 1

nim it byld
fan de Wanderer
heech yn de bergen útsjend
mei de rêch nei dy ta
ien knibbel bûcht
yn in hâlding as wiene
de snie beskûme koppen
trochhimsels makke
sa leit dit eilân
foar de kust
net sûnder libben
of soargeleas:
elke jûn ûntstekt
syn fjoertoer de ljochten

de woede fan it wetter
oanboaze fan de wyn
of har sachtsjes aaikjen
nei safolle ieuwen wol bekend
sljochtwei in âlde man
mei tipelsinnige ideeën… Lês fierder

Jouke Hylkema

Nei it easten

logo.ensafh

Alwer de lêste dei fan it jier hjoed. Ik sit hjir mei in man as fyftjin yn ’e ûnderwâl earne by Lauwerssyl. It is wat in stille keale wrâld hjir yn it grinsgebied tusken Fryslân en Grins. Wy waarden ûnderweis opholden troch stikeltried en minefjilden. Hjir en dêr leinen stille tsjûgen as sloppe ledepoppen te rotsjen, ja echt, jonge froulju en manlju. Ik skat sa tusken de tweintich en ’e fiif en tritich.
De wyn is east, it giet my sawat troch alle klean hinne, dochs moat ik eefkes rêste op in grinspealtsje út 1897. Oan ’e kime fan ’e swarte ierde rint in dyk mei like keale beammen.… Lês fierder

Anne van der Plaats

Friezen en Griken

logo.ensafh

Se glimke nei him.
‘Bist in Friezin,’ sei Konstantin.
Se joegen har op in terras yn ’e sinne del. It wie maitiid. De loft wie blau fan dagen: se soe trije moanne bliuwe en dit wie noch mar de earste wike.
‘Ik fiel my thús yn Grikelân,’ sei Sytske.
‘Dêrom krekt,’ sei Konstantin.
‘Kinst it ferhaal?’ sei se.
‘Ik kin jim skiednis,’ sei er.
‘Wy leauwe it net,’ sei se, ‘mar wy dreame der wol fan.’
‘Wy sjogge it daliks,’ sei er, ‘en wy fiele it.’
‘Wy ite kij,’ sei se, ‘en jim geiten en skiep.’
‘Fansels feroarje der dingen,’ sei er, ‘mar ik rûk it.’… Lês fierder

Willem Winters

J.W. Waterhouse: huverje fan froulju

logo.ensafh

Yn Britse musea hie ik wol inkele skilderijen fan Waterhouse (1847-1917) sjoen. Ek út plaatwurken oer de pré-rafaëlieten koe ik syn wurk. Sljocht op sokke skilders dy’t balanseare op it rântsje fan ’e kitsch moast ik fansels gau nei Grins, dêr’t in grutte tentoanstelling is fan syn wurken. (Noch oant 3 maaie 2009] Al gau huvere ik. Wat in kjeld, wat in ôfstân. Op de measte skilderijen binne froulju ôfbylde, mar watfoar froulju! Wat binne hja rûpsk! Hieltyd dy rjochte noas, dy lange, hast rjochte kaak. Se hingje, lizze of sitte, sjogge mismoedich, treurich, letargysk, leafst by de sjogger lâns of dwers troch him hinne.… Lês fierder

Date Salverda

krystgedachte

logo.ensafh

in protte minsken dy’t
dit jier kryst fiere,
sille de folgjende kryst
net mear helje

no ite se noch lekker
fan kalkoenen en bargen,
takom jier binne hja de proai
fan wjirmen en maitsen

sa besjoen soe elke kryst
in bytsje freedsumer wurde,
as der mar gjin berntsjes
berne waarden… Lês fierder