Jouke Hylkema

Lobke, de Fryske Knut

logo.ensafh

‘Poes..poes…poes…,’ ropt Jan nei Lobke wylst de projektliedster tasjocht.
‘Hiel goed Jan…besykje har no mei de linker hân fêst te krijen… ja sa… mei de rjochter hân oer har befke strike no.. ja sa…hear har ris spinnen.’

Amtner Jan N. krijt suver in kleur fan ynspanning, de kursus freget nochal wat ynset fan ’e dielnimmers.

‘Sjoch har sturt ris… hy komt omheech!’ ropt er tige optein.
‘Dat is hiel gewoan by katten hear.. fergelykje it mar mei in ereksje by mantsjeminsken!’
‘Hea..mar… it is dochs in wyfke?’
‘Makket dat wat út?’
‘O eh sorry… hoe hjit poes ek alwer trouwens?’
‘Lobke.’… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 126

logo.ensafh

De ien nei lêste Farsk set passend útein mei in krystgedachte.

Priiswinnende gedichten poëzyjûn Harns
Op dizze ôflevering stean de priiwinnende gedichten fan de poëzyjûn yn Harns. It publyk op dy jûn koene it gedicht stimme dat se dy jûns it moaiste fûn hiene.

En fierders
Skermer giet it alfabet bylâns.
Katteleafhawwers lês gau. Jouke Hylkema bejout him yn ’e wrâld fan de ‘haptonomyske effekten’.
Aggie van der Meer draacht it ferhaal ‘De susters’ by.
En op dizze ien nei lêste Farsk de ien nei lêste ôflevering fan de Midfryske toanieltekst Waatze Gribberts Brulloft.… Lês fierder

Aggie van der Meer

De susters

logo.ensafh

Freda wie troch wat oars yn beslach nommen as de wenstige ûnfrede, dy’t al jierren yn bittere wurden in útwei socht. As har suster werkende se alle fariaasjes: hoe’t se de jas oanluts en de doar útgie, dramatys, ferûngelike of mei in swymke spot; hoe’t se der soms sûnder wat te sizzen tuskenút struts en yn gjin oeren wer werom komme soe; hoe ûnferskillich se it wurk die of mei in soad gebear; de manier dêr’t se op siet, de hichte dêr’t se op prate Gjinien dêrfan wie har frjemd. Se wienen sa mei elkoar fergroeid dat de iene alle lytse feroaringen yn it gedrach fan de oare, net allinnich opmerke soe, mar ek fiele.… Lês fierder

Edwin de Groot

Bob Dylan song it al

logo.ensafh

To know the change and feel it….
John Keats

I.
Unlân

Elke woansdeitemiddei wie it oarloch.
Fochten wy as liuwen en
mei de fjurrenhouten mitrailleur, made by Heit,
waard de lânseare ferdigene.
Mannich MAVO-genoat sneuvele.

Us slachfjild wie learzens fol wetter,
drek oant yn ‘e naad en nei elk syn weropstanning
stjonkend as murden wer op hûs oan.
Nei memmen suchtsjend mei de Biotex.

II.
Bedrijventerrein-West

Fan kante mûlen ribbeltsjekarton
liplês ik fonkelnagelnije neonnammen.
Trochride no, wylst op ‘e autoradio Piet nei
“Times they are a-changing”
de winter (it neamen net wurdich) út febrewaris snijt.

Woansdeitemiddei is ATV. Is mei de hûnen deidievje
yn in hoekje bosk, dêr ’t se noch los meie.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Waatze Gribberts Brulloft 6

logo.ensafh

(Dit is de sechsde ôflevering, de foargeande stiene op Farsk 121 en 122, 123, 124 en 125, sykje ûnder de rubryk Auteurs by Eric Hoesktra (dy’t de tekst oerbrocht hat nei de hjoeddeiske stavering; de ynlieding wurdt by elke ôflevering op ’en nij pleatst; mei dêrby in kommintaar by de oanbelangjende ôflevering)

Persoanlike noat (Subjektive ynlieding)

O eal hear fan smachtsjende Lêzers en Leafhawwers fan 17e ieuske Fryske literatuer – ha ik sa myn manmachtige doelgroep net moai krekt omskreaun?

Ja, de simmer is oer syn langste dei hinne, de moanne hat fol west en yn it skûlliif fan ‘e natuer ripet it sie fan fruit en nôt.… Lês fierder

Antje van Schepen-Koopmans

Thús is thús

logo.ensafh

Werkenne,
weromfine,
hjir by it Van Harinxma

Jûns, middeis,
as ik hjir rûn,
fûn ik
mysels werom
by de pleats oan it Margriet

De stêd, thús,
Mar it sicht op ‘e romte.
Thús wie noait fier fuort.

No, op it doarp,
sykje ik op ‘e romte,
nei wetter, sa breed,
merkels en reiden,
dy’t yn’ e skimer
weagje, waaie litte
alle drokte

Thús

Sykje is weromfine
mar thús is thús… Lês fierder