Rieuwert Krol

De dichter en in ferhaal

logo.ensafh

Albertina Soepboer is in ynteressante dichteres. Se doart wat, eskperimintearret, is wis mar sykjende en hat in styl en in behearsking fan ’e technyk dy’tst net sa faak tsjinkomst. Remco Ekkers ferlike Soepboer yn ’e Poëziekrant mei Yeats en Roland-Holst mar neamde har frijmoediger as har ferneamde foargongers. It is apart en eins tryst, mar Ekkers is ien fan ’e pear skôgers dy’t wier nijsgjirrige dingen oer Soepboer har poëzy sein hat.
It oeuvre fan Soepboer is (wilens) tige omfangryk en follesidich. Neist acht dichtbondels skreau se proaza, toaniel en sette se in berneboek oer út it Baskysk; behalve Nederlânske oersettingen fan har Fryske gedichten hat se ek twa oarspronklik Nederlânsktalige bondels útjûn.… Lês fierder

Meindert Bylsma

Pake

logo.ensafh

Yn ’e kûveuze fan ‘e tiid,
as in gladiator yn ‘e aow,
fjochtet pake tsjin ‘e ynfaazje fan ’e eksoaten.

Mei broeikaskobben op ‘e siele
wiist er syn pakesizzer it paad fan no nei doe:
“Hjir wie de bulterige seize, dêr de skeane five.
Hjir siet pake efter in hikke
en dêr, dêr’t no dy reade paprika leit,
siet doe in ljip te striesmiten.”

Betondike, as by in fiadukt, rinne de paden
fan no nei doe, fan doe nei no,
fan ûntheistering nei fernuvering,
oer elkoar hinne: “In ljip pake,
is dat itselde as in soarte fan batterijhin
en wêrom smyt sa’nien mei strie?”… Lês fierder

Foaropwurd 117

logo.ensafh

Foaropwurd 117

fan freed 6 juny 2008

Hjir dan de nije ôflevering. Mei fertraging. Us ferûntskuldigings dêrfoar.

Sa net, it is okee. Op dizze Farsk dan dochs einlings nije poëzy fan Elmar Kuiper. Skermer hat ’treffers’ sjoen, Jouke Hylkema yn ’e Oerpolder west en Ulke Brolsma yn India. En dan is lang om let Rieuwert Krol der wer mei in besprek. Hy jout syn fizy op in bondel kollums fan Arjan Hut.

Ierpels
Der kinne noch altyd bydragen ynstjoerd wurde foar de temaôflevering / it temanûmer fan
Farsk en Hjir.… Lês fierder

Skermer

Treffers

logo.ensafh

Anne Feddema hat it gedicht ‘Mozart op wei nei Praach’ skreaun, dêr’t de klam yn lein wurdt op it healwiis en luftich praat dêr’t Wolfgang (‘Wolfi’) en syn frou Constanze tsjustere wolken en (yn dat gefal syn frou) Mozart syn mankelike buien mei fuortpoetse. Sa as sa faak lit Anne Feddema him sawol by syn literêr as byldzjend wurk ynspirearje troch literatuer en keunst fan oaren. Foar ‘Mozart op wei nei Praach’ is dat de novelle ‘Mozart auf der Reise nach Prag’ fan Eduard Mörike út 1855. Wat Feddema op eigen ûnneifolgbere en absurdistyske wize útbyldet, set Mörike net minder skerp mar boartlik en mei in mear romantyske ynstek foar de lêzer del.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Petear yn ’e polder

logo.ensafh

‘It is hjir knap dridzich Bears!’
‘Ja moast útsjen wêrst de fuotten delsetst, it is net om ’e nocht dat wy mei in tou oan mekoar fest sitte.’

Hjoed haw ik dus in petear mei feehâlder Bears fan it Heidenskip, hy is myn gids op reis troch it grutste reservaat fan Fryslân, ‘de Oerpolder’. Hy docht it gidswurk hast al tritich jier, mar sûnt it ferskinen fan it boek oer de polder is it noch folle drokker wurden. Bears hat der neist de feehâlderij in folsleine baan by krigen. Frou en bern hawwe it buorkjen oernaam.

Oer syn oerlibbingstochten mei dielnimmers seit Bears:
‘Ik rin it hiele jier mei minsken troch dizze mieden, somtiden mei groepen fan tsien man!… Lês fierder

Rieuwert Krol

De wrâld fan de stedsdichter

logo.ensafh

De kollum as literêre foarm ûnderstelt datst oeral in miening oer hast. Hast gjin miening dan skriuwst dat op en leitst op dy manier ferantwurding ôf foar dyn tekoart oan fyzje. It is benammen yn Nederlân opmereklik datst sa te sjen oeral in miening oer ha moast. In mi neing dy’t oer it generaal net mear foarstelt as in soadsje foaroardielen en plotyk korrekte korreksjes op foaroardielen. Hast fansels útsûnderings. Dy ûnderstelle dat immen yn it foarste plak wat mear wit fan syn ûnderwerp as de trochstringse mieningjouwer en twad dat immen in kreative tinker is. Dy kombinaasje is seldsum.

As dichter is Arjan Hut al in bekend fenomeen.… Lês fierder

Ulke Brolsma

Kafka op trije tsjillen

logo.ensafh

‘Where do you come from?’ Twa moanne reizgje ik troch Yndia en alle dagen krij ik dy frage op ’e nij. Ik wurd der betiden gek fan. ‘From Far Away,’ rop ik en krij as andert: ‘nice country.’ En no bart it wer. Ik sit yn in rickshaw dy’t my nei it sintrum fan Kottayam bringe sil, in stêd earne djip yn it súd westen fan Yndia. Ik bin krekt oankommen nei in reis fan trije oeren mei Yndiaaske passazjiersboat. Op de wâl steane in pear rickshaws, de Yndiaaske helikopter, sa as se hjir dizze taksy op trije tsjillen neame. Dêrmei wol ik nei it sintrum fan Kottayam, mar foar’t ik sit spilet elkenien in stikje toaniel, in soarte fan oarloch oer de priis.… Lês fierder