Edwin de Groot

It wytget see

logo.ensafh

(…)
fan de see ferlitten, –
droechfallen is de grûn
in greide wurden foar it fee
(…)

Ut: ‘Leginde’, Sjoerd Spanninga

I

Yn ’e skimerjûntiid sigesaget de binnenwyn
earst noch wat huverich oer de kriten.
Skaait noch wat om yn ’e linige tiennen
fan stege, stoefe wylgekolonnes, mar skielk
fan hûs en hiem ferdreaun.

It greideljocht skikt tsjinstich yn
foar swartsjend skarlekken dat
betûft de polders ynnimt en
stadichwei de pleatsen bestoppet.
Wilens waarmtongjend oranjekarmozyn.

Yn harren elemint no, de flearmûzen.
Stôkblyn weitsjend oer djipstrjemme
fean, oant de dage mei readkoper
oan ’e loft blaast en de houten
rezjiminten wer fersûpe sil.… Lês fierder

Skermer

Frysk festival

logo.ensafh

It programmaboekje fan it Frysk festival 2008 is op in heale side Frysk (en in heale side Ingelsk) nei folslein yn it Nederlânsk steld, sels it berjocht oan ’e befolking: Bericht aan de bevolking.
Doe’t ik yndertiid hearde dat it tema fan it festival ‘de gemeenschap’ wurde soe waard ik al daliks wurch, want hoe soe dat oait in fris ferhaal opleverje kinne? It ‘Bericht aan de bevolking’ stelt my mei syn ellindich folderpraat hielendal yn it gelyk: ‘Het festival heeft als thema ‘de gemeenschap’, Over hoe we kunnen samenleven, hoe we onze waarden en gewoantes moeten koesteren, over hoe je als individu in een groep staat en hoe je te verhouden tegenover alles wat buiten de gemeenschap staat.’… Lês fierder

Abe de Vries

Wy, te leedomsizzen

logo.ensafh

Tusken ferdwûn Gerbranda en faai Ropta
leit it oait achtslein wûnder fan it mûntsjelân.
Bûtendyksters panderje yn roudoek om:
oranjebesnaffele silûetten yn ’e Kegen.

Jou no jo ear, by eartiids dit Getswerdersyl,
oan ’e waadwyn syn tryst preekjen
oer it Winaem fan Tsjits fan ’t Nijehûs,
it fergean fan mannich ding fan wearde –

sa hâlde wy it betinken en it leedomsizzen
yn eare. Foar loft en lân aloan ús gean
jûns let fan doar nei doar yn ’e bedelte,
tsjin kassen en gas- en sâltwinning,

en hoe nulleskerp stekt de blingbling der
regionale ekonomy al ôf tsjin ’t ûnmachtich
ferset, dat mear strânljippen garje wolle soe
foar in militante gearsit oer it ôfjit.… Lês fierder

Anne van der Plaats

Kat

logo.ensafh

It hûs stie healwei de stêd en it doarp, in eintsje fan ’e dyk ôf. Der rûn in rjochte reed hinne.
‘Wat bist let?’ sei Freark.
‘Ik tocht datst freegje soest wêrom’t ik wiet hier ha,’ sei Nelly.
Se rûn wer nei de dûs ta, no om de holle ôf te droegjen.
‘Reint it?’ sei er doe’t se weromkaam.
‘Nee. Myn hier wie wiet om’t ik de holle ûnder ’e kraan hâlden ha. Ja, om ôf te kuoljen.’
It wie op slach roettsjuster yn ’e keamer.
‘En dat wylst it folle moanne is,’ sei se.
‘Okee,’ sei er, ‘ik tink, dat dizze keamer no leech is.’… Lês fierder

Tsjisse Hettema

De Slachte meandert…

logo.ensafh

De Slachte meandert tusken glêsmuorren
befluorje it eachweid
aansen

ryp en grien fan Albert Heyn en al dy oare rimram
puollemuolket heal besopen út flústerfinsters wei
aansen

gas en salt lûke de wrâld
hjir
foar wûnder nei ûnderen
no

en de gemeente ferkeapet foar in
heale obol dit tûzenjierrich lânskip
foar in reis mei Charon
nei de glêzen hel
 


 

Abe de Vries, Wy, te leedomsizzen
Edwin de Groot, It wytget see
Meindert Bylsma, Pake
Elmar Kuiper, Realm of ChaosLês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 118

logo.ensafh

Foaropwurd 118

fan freed 20 juny 2008

Dit is de lêste gewoane Farsk foar de fakânsje. Yn ’e earste helte fan july sil noch Farsk 119 útkomme, tagelyk mei it tredde nûmer fan Hjir en beide wijd oan it tema ‘ierappel’. Dêrnei giet Farsk mei fakânsje oant 3 septimber as ôflevering 120 ferskynt. De rubriken Teleks en Aginda sille wol byhâlden wurde.

Dizze ôflevering stiet yn it teken fan ’e aktualiteit. Yn de ôfdieling poëzy stean portestfersen fan Meindert Bylsma, Edwin de Groot, Tsjisse Hettema, Elmar Kuiper en Abe de Vries oangeande de oantaasting fan it lânskip yn Noardwest-Fryslân troch de ûntjouwingen op it mêd fan ’e wetterhúshâlding en de lân- en glêsbou dêr.… Lês fierder

Elmar Kuiper

Realm of chaos

logo.ensafh

Karl
de moshpit is in gierensirkel
wat wolst no
as skiere muontsenskaad
oer de harsens
en desibel útbonket

hollebatsers binne ek mar
minsken
ek al balte se as kij
en kuierje se net
op in ferlerne sneintemiddei
ha se winliken
de jui yn

it binne domdryste
bollen en naive keallen Karl
dy’t nuver snuve en skite

lit mar sitte
do hast dyn mikrofoan
dyn swit rûkt nei farske
kuil in oerlûd sil út dy
moartsje.

Foar Karl Willets, sjonger fan de Ingelske deathmetal band Bolt Thrower. Harren cultalbum ‘Realm of Chaos’ kaam yn 1989 út.
 


 

Abe de Vries, Wy, te leedomsizzen
Edwin de Groot, It wytget see
Meindert Bylsma, Pake
Tsjisse Hettema, De Slachte meandert….Lês fierder