Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 5.3

logo.ensafh

– Wat is de beleanning dan as ik myn libben jou, frege Desiderius, wylst er tocht ‘ik moat hjirwei’.

– De maagden steane klear yn ’e hemel foar de striders fan Allah.

– It liket wol wat op it Walhalla, reagearre Desiderius.

– In flauwe wurdspiling, joech Mohammed as kommentaar, ik bespeur dochs gjin ûnorthodokse gedachten?

– Wiswier net, Mohammed, sei Desiderius yn sân hasten en mei de needrigens dy’t foech joech njonken in fertsjintwurdiger fan de Heechste op ierde.

– Sa mei ik it hearre, sei Mohammed tefreden, hearrigens is alles yn dizzen. Fannacht meisto mei dyn Wapen sliepe. It wapen is ynboud yn in prachtige moaie frou, makke mei it bêste wat de Japanske technyk op dit mêd te bieden hat.… Lês fierder

Edwin de Groot

Swije as in fisk

logo.ensafh

En de jonkfrou frege Parsifal:
Hasto de fisker-kening
frege wat him skeelt?

Parsifal: Nee, dat doarde ik net oan,
dus hâlde ik my mar stil.

Jonkfrou: Och, do ûnsillige.
Dat is no krekt syn flok, syn lot.
As dy iene, wichtige fraach
nea steld wurdt, sil hy nea genêze en
sil it him nea noch nimmer wer foar de wyn gean.

Der komt in protte goeds út goeie fragen, Parsifal!

Swije as in fisk

sa mar ynienen is it maatskepke
foar de kofje te grut foar ien
kin in pot HAK twa dagen lije en
duorret in literspak molke krekt wat te lang

soer

it foarbygean makket him
in fisker-kening
tsjin wil en tank syn ryk
allinne
 
 
 

 'Ik Skip' troch Edwin de Groot

Ein febrewaris 2008 is Edwin de Groot syn nije dichtbondel ‘Ik skip’ ferskynd by útjouwerij Bornmeer.Lês fierder

Elmar Kuiper

Elmar Kuiper oerset

logo.ensafh

Op woansdei 12 maart reizgje Elmar Kuiper en Tsead Bruinja nei Skotlân ôf om foar te dragen op stAnza, in ynternasjonaal poëzijfestival dat holden wurdt yn it histoaryske universiteitsstedsje St. Andrews. Dêr sil ek de lytse bondel ‘Ferzjes – Weys o Daein: Migration o wirds / Migraasje fan wurden’ presintearre wurde, in inisjatyf fan de Skotse dichter Eleanor Livingstone, tegearre mei Bruinja en Kuiper. Ferskate Skotse dichters hawwe oersettings makke fan de Fryske fersen fan Tsead Bruinja, Anne Feddema, Elmar Kuiper, Albertina Soepboer, Abe de Vries en Cornelis van der Wal.

De bondel sil (foarearst) net yn Nederlân to keap wêze, dêrom hjir op Farsk in fragmint: twa oersettings fan Elmar Kuiper syn fers ‘Bylden’, yn it Skotsk en it Shetlânsk (in Noarske fariant fan it Skotsk).… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 5.2

logo.ensafh

Se rûnen werom nei de finzenis dêr’t Van der Balk, Boskma en Rutario noch hieltyd oan it bepraten wiene hokke prosedueres at se foar oerlis opstelle soene en hokke doelen at se harsels stelle soene. Mohammed pakte in Kalashnikov, rjochtte him op it groepke fan trije finzenen en âle botwei:

– Hark westerske ymperialisten. Ik sjit jim hjir en no foar de kop as jim net sjen litte wa’t jim yn wurklikheid binne. Helje dat ding fan jim kop ôf. Do earst, Van der Balk.

En hy rjochte de Kalashnikov op Van der Balk en seach him rjocht yn ’e eagen.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan | 5e haadstik

logo.ensafh

Desiderius wie hiel tefreden mei himsels dat er krekt op ’e tiid de oerstap nei de nije machthawwers dien hie. Miskien wie it in te koarte-termyn redenearring, mar wa koe yn ’e takomst sjen? Hy hie der yn alle gefallen gjin nocht oan en bring de rêst fan libben yn in grot mei traljes troch, om it oer de wiere dea mar net te hawwen. De mannen rûnen bylâns de fruihôf nei in grutte grot dy’t derút seach as de manljusferbliuwen fan de striders foar it wiere leauwe, sis mar de wjergader fan wat kantoaren en merkwurking yn ’e westerske wrâld binne.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan | 5e haadstik

logo.ensafh

Desiderius wie hiel tefreden mei himsels dat er krekt op ’e tiid de oerstap nei de nije machthawwers dien hie. Miskien wie it in te koarte-termyn redenearring, mar wa koe yn ’e takomst sjen? Hy hie der yn alle gefallen gjin nocht oan en bring de rêst fan libben yn in grot mei traljes troch, om it oer de wiere dea mar net te hawwen. De mannen rûnen bylâns de fruihôf nei in grutte grot dy’t derút seach as de manljusferbliuwen fan de striders foar it wiere leauwe, sis mar de wjergader fan wat kantoaren en merkwurking yn ’e westerske wrâld binne.… Lês fierder