Froukje Postma

Lytse dingen

logo.ensafh

De wekkerradio sprong oan.
It getetter fan in te wekkere en in te folle pratende presintator ferjage mei geweld de rêst fan de iere moarn: in nije dei begûn.
Mei tsjinsin swom ik fanút de djipte fan myn dreamwrâld omheech. Stadich kaam ik nei it oerflak fan ’e wurklikheid, stadich kaam it besef by my werom. It besef dat it hjoed woansdei wie, dat ik wekker wurde moast, dat ik fan’t bêd komme moast.
Ik iepene ien each om mysels te ferwissigjen dat de wekker net te betiid ôfgien wie. Spitich genôch net. De reade ljochtjouwende sifers blikkeren ûnferbidlik 7.30. Ek noch bespotlik betiid.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Joppe (fragmint)

logo.ensafh

Hy ried nei de seedyk ta. Hy hie der hieltyd faker ferlet fan om allinne te wêzen. Yn de planning fan de kontrôles hold er der rekken mei. Boppe op ’e dyk seach er de dakken fan it azc tusken Raarendt en de seedyk. Yn in blauwe loft dreaunen grutte griiswite wolken, ien glied foar de sinne. Perselen ierappels wienen lofklapt en deasproeid. Gielwite stompkes stutsen út de rêgen.
Hy rûn de dyk del. It wie leech wetter. It Amelân lei as in oaze yn in slykwoestyn. Healwei de top fan de dyk en it stik dêr’t de tarre begûn, gie er yn it gers sitten.… Lês fierder

Anne Feddema

Man sylt troch blau hielal

logo.ensafh

Foar Gerrit Benner
Lit it útspansel spanseljend ljochtjierren ljochtsje
Lûk ûndertusken de burd fan in God, bliuw attint
As dyn stjerre-eagen mar fûnkje en fjurkje
As dyn reade lea lâns leafde fol wolkens sylt
As it blau fan it wetter de loft en oarsom is
It hiele hielal dyn byld en bea
Wês dan dyn eigen kleurryk wûnder
Readen, gielen, grienen, swarten
Sykheljend sykjend silend
Ach ja tink fral oan de blauwen
Oars eins neat!… Lês fierder

Skermer

Kompjûterliteratuer

logo.ensafh

Noch nea in bewegend gedicht fan Tonnus Oosterhoff sjoen? Sjoch: www.tonnusoosterhoff.nl. Kinst seis gedichten oanklikke. Ik beskriuw trije:
‘Monster’: Op it skerm ferskynt út ’e dize wei in skiere tekst, hieltyd dúdliker wurdend, mar dan komme oare rigels oer de earsten hinne te stean, in hieltyd yntinsere grymgram, dan seit in stim in oare tekst: ‘Hierdoor naar binnen naar buiten…’. Dan ferdwynt de tekst stadichoan en ferskynt hjir en dêr in wurd fan in rigel en sa geandewei it hiele gedicht.
‘Ik niet meer’: It wurd IK ferskynt, oer it hiele skerm sa grut, tusken en om ’e twa letters ferskynt geandwei in tekening fan allegear grimelige lyntsjes en figuerkes, hiel gaoatysk en yn dy gaos wurdt it wurdt IK geandwei lytser en ferdwynt it yn it middelpunt fan it skerm.,… Lês fierder

Andries Miedema

Heinrich Heine oerset (IV)

logo.ensafh

**

Sie saszen und tranken am Teetisch,
Und sprachen von Liebe viel.
Die Herren, die waren ästhetisch,
Die Damen von zartem Gefühl.

Die Liebe musz sein platonisch,
Der dürre Hofrat sprach.
Die Hofrätin lächelt ironisch,
Und dennoch seufzet sie: Ach!

Der Domherr öffnet den Mund weit:
Die Liebe sei nicht zu roh,
Sie schadet sonst der Gesundheit.
Das Fräulein lispelt: Wieso?

Die Gräfin spricht wehmütig:
Die Liebe ist eine Passion!
Und präsentieret gütig
Die Tasse dem Herren Baron.

Am Tische war noch ein Plätzchen;
Mein Liebchen, da hast du gefehlt.
Du hättest so hübsch, mein Schätzchen,
Von diener Liebe erzählt.

Heinrich Heine

út: ‘Ich weiss nicht was soll es bedeuten’, Den Haag/Antwerpen, 1956

 
 
**

Se sieten tee te drinken,
de leafde wie it ûnderwerp.… Lês fierder

Oene Spoelstra

Diogenes yn Ljouwert (fragmint)

logo.ensafh

(Dit is in priuwke út it besprek fan Oene Spoelstra fan it boek Libje goed – Op nei de tonne fan Eric Hoekstra, in ferslach fan it in wikelang trochbringen – nei it foarbyld fan de Grykske filosoof Diogenes – yn in tonne dy’t by boekhannel Van der Velde oan ’e Nijstêd stie en fan ’e moannen dy’t der oanfoarôf giene. It hiele besprek ferskynt ein febrewaris/begjin maart yn Hjir (nû. 1, 2008)).

Fan moandei 1 jannewaris 2007 oant sneon 7 april 2007 (de lêste tonnedei) hâldt er in weblog by. De wrâld kin sa fia it ynternet de oanrin folgje ta it tonne-eksperimint en de wederwaardichheden dy’t de skriuwer oerkomme en dy’t him troch de holle gean.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Freonskip en ûntank

De freonskip

Wa iepent net syn hert foar freonskip’s sêfte hân,
dy’t libben’s balsem biedt,
it is freonskip dy’t de tiid werom ropt mei ferstân
en tsjin it ûngelok stiet,
dy’t boppe kwea en drift syn holle stekt omheech,
’t bliid hert fernoecht, ferhurdt,
de leafde wurdt swak, har tiis-jern is as reach
as hja gjin freonskip wurdt.
De wollust’s grûn is glêd, mei weelde komt tsjerkhôf’s dong,
mei rykdom de smoarge streek:
se fleane wei as tsjêf, fergeane yn kûgelsgong
of as in swevelreek.
De rom fertsjustert rêd, en nei de jierren’s hicht’
telt ús gjin maatskippij.

Lês fierder