Meindert Bylsma

Yn ’t wylde wei (fragmint)

logo.ensafh

A.

‘Eefkes oan it fiskjen?’
Oerbuorman, hy ropt it oer de feart hinne.
‘Jawis wat oars,’ rop ik werom, ‘eefkes sjen oft se ek bite wolle.’

Myn oare ik begjint op slach te stokeljen.
‘Jawis wat oars,’ baut er my lekskoaiend nei, ‘jawis wat oars, der sit in man mei in angel yn ’e hân op in klapstuoltsje by de feart te sjen nei in dobber dy’t yn it wetter driuwt. Ra, ra wat docht dy man? Dochs gjin ûnnoazelsma wol, dy fint oan ’e oare kant fan it wetter. Lit him no gau yn syn eigen sop gearsiede of jou him in snuter: ‘Fiskje?… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfryk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Deugdsum út eigenbelang

It selsbelang

Galien, dy hie in iennichst bern,
dat wie syn honke, begearte en libjen,
syn eask, hoe koe er dy tsjinstribje?
Nee, wat dy woe, dat die er jern’.

Hy paaide en flaaide yn memme skerte,
hy sobbe en sabbe memme hân,
soe heit op dat heechweardich pân
syn hertwinsk dan in snútbân sette?

Syn wurden wiene huningswiet,
dêr struts er heit mei om ’e mûle
en sei fan “heity is myn skûle,
ik stoar foar je ear deads-tosk je biet.”

De man stie yn dy fleach en stime,
en woe Jan graach yn it hert besjen.

Lês fierder
Eric Hoekstra

Midfryk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Deugdsum út eigenbelang

It selsbelang

Galien, dy hie in iennichst bern,
dat wie syn honke, begearte en libjen,
syn eask, hoe koe er dy tsjinstribje?
Nee, wat dy woe, dat die er jern’.

Hy paaide en flaaide yn memme skerte,
hy sobbe en sabbe memme hân,
soe heit op dat heechweardich pân
syn hertwinsk dan in snútbân sette?

Syn wurden wiene huningswiet,
dêr struts er heit mei om ’e mûle
en sei fan “heity is myn skûle,
ik stoar foar je ear deads-tosk je biet.”

De man stie yn dy fleach en stime,
en woe Jan graach yn it hert besjen.

Lês fierder
Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 4.3

logo.ensafh

“Wilt U niettemin de oefening voortzetten, toets dan de daartoe verstrekte kode in.”

– Se komme tichtbery, âle Boskma, dy’t de muzyk no sacht set hie, dat it troanstaal net folle desibels mear by te setten hie. Noch efkes en har beskieden lûd soe de motor fan ’e tredde hâns Talibantank fan Amerikaanske makelij oerstimd wurde.

– Skrolle, skrolle, balte Desiderius.

“Raadpleeg voor de kode het rapport dat U medio 2006 door de Begeleidingsdienst is toegestuurd”.

– Ik sjoch se al, rôp Boskma, noch in kilometer, dan ha se ús te pakken.

– Ik skrol ik skrol, balte van der Balk.… Lês fierder

Bert Bakker

De oerfal

logo.ensafh

Pineholle, pine achter op myn holle. Ik kin my net bewege. Ik priuw bloed. Ik lis foaroer op ’e stiennen flier fan de jachthut. It fielt as ha ’k in barst yn’e skedel. Myn noas is brutsen. Ik sjoch Tammie út myn eachhoeke, Oane syn hûn. Se leit der rêstich, mar opmerksum by. Ferbyldzje ik my dat se súntsjes jammert? Se wol my slikje. Ik kin my net bewege. Myn hannen sitte fêst op ’e rêch. Wy binne oerfallen.

Ynienen swaaide de doar iepen en waarden wy ûnder skot nommen en sûnder in protte wurden oan ’e kant set. Oane knikte nei Tammie en sy gie lizzen.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 108

logo.ensafh

Foaropwurd

fan freed 1 febrewaris 2008


 
Dit nûmer en fierder

Op ’e foarige ôflevering stie al in bydrage mei de oantsjutting ‘foarpublikaasje’. Op dizze Farsk stean trije. It is ús stribjen om fan safolle mooglik literêre útjeften dy’t op ferskinen stean in fragmint of gedicht as foarpublikaasje te pleatsen.

Wy wolle de sinjalearfunksje fan Farsk fergrutsje en dy foarpulikaasjes foarmje dêr in ûnderdiel fan. Sa sille wy meikoarten mei in aparte rubryk foar it koart sinjalearjen en beskriuwen fan útjeften en artikels út ein sette en nêst de rubryk Teleks ek mei in (literêre) aginda.

By it boppesteande slút oan de publikaasje op de dei sels fan de Alvestêdegedichten dy’t skreaun binne yn it kader fan de Nasjonale gedichtedei op 31 jannewaris.… Lês fierder

Grytsje Schaaf

Ûnbidich bêd

logo.ensafh

Strutsen lekkens slute meagere skonken
yn in blau-markearre stiselwrâld
fan seil en trochlizzen, fan lije, giele pûdsjes

Dyn plestik/porsleinen domein
lit lânskomoeren oan fuotteneinen skowe en
azemje yn: neat te melden
úttard pearsk-iere-fel striele

Tusken muorren fan floers wurde flústers wiksele,
wurdt tuiketuike kofjedronken:
yn dit ûnbidige bêd bist hast kwyt,
brutsen yn tûzenfâldich krakelee

swijend          makkest lûd om ’t leven
          makkest minne nachten en
                    slepende dagen
        yn it lûd fan wite birkenstocks
 

(8 febrewaris 2008 ferskynt Grytsje Schaaf har dichtbondel ‘sûnder sweltsjes’ by de Friese Pers Boekerij)Lês fierder