Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Freonskip en ûntank

De freonskip

Wa iepent net syn hert foar freonskip’s sêfte hân,
dy’t libben’s balsem biedt,
it is freonskip dy’t de tiid werom ropt mei ferstân
en tsjin it ûngelok stiet,
dy’t boppe kwea en drift syn holle stekt omheech,
’t bliid hert fernoecht, ferhurdt,
de leafde wurdt swak, har tiis-jern is as reach
as hja gjin freonskip wurdt.
De wollust’s grûn is glêd, mei weelde komt tsjerkhôf’s dong,
mei rykdom de smoarge streek:
se fleane wei as tsjêf, fergeane yn kûgelsgong
of as in swevelreek.
De rom fertsjustert rêd, en nei de jierren’s hicht’
telt ús gjin maatskippij.

Lês fierder
Piter Boersma

‘De holle útstekke, dat fyn ik moai’ – It skriuwerskip fan Nyk de Vries

logo.ensafh

Wy ha de middeis om fjouwer oere ôfpraat yn de stasjonsrestauraasje fan Grins, de stêd dêr’t Nyk de Vries al fan syn studintetiid ôf wennet. Goed oardel oere ha wy foar it petear. Nyk syn tiid is beheind. Oer twa dagen sil er ôfreizgje nei Malavi yn it suden fan Afrika. It stasjon is dêrom it ideale plak foar ús petear en it sil bliken dwaan dat it yn ferbân mei de faze dêr’t syn skriuwerskip yn ferkeart ek in symboalysk plak is. Wy ploffe del en begjinne fuort.
Nei Malavi. ‘Ik gean der mei trije maten hinne. Nei in maat fan ús dy’t dêr tropedokter is.… Lês fierder

Ate Grypstra

Sûdohaikû I

logo.ensafh

wylst it andante fan de njoggen
entweintichste fan mozart my troch
de holle sjongt sjoch ik fierderop
in ein op in oare ein klimmen
en de leafde bedriuwen wylst er
har rûch ûnder wetter triuwt har heal
fersûpt en dêrnei rêstich fuortswimt
ik ferivigje fernuvering
op it deksel fan in Klikobak… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 109

logo.ensafh

Foaropwurd

fan freed 15 febrewaris 2008

Dit is al wer de tredde ôflevering fan 2008. It giet fluch. Men moat der by wêze.

‘Ik geniete fan de frisse lucht dy’t ik opsnúfde doe’t ik de ruten iepen sette,’ is in rigel út it ferhaal ‘Lytse dingen’ fan Froukje Postma. It is foar it earst dat fan Froukje wat op Farsk stiet. Yn 2006 wûn se mei in ferhaal de earste priis by de Junior-Rely en ferline jier wer mei in ferhaal, daliks ek mar in Rely Jorritsma-priis by de ‘grutten’. Yn De Moanne stie ek al in ferhaal fan har en ien fan ’e kommende Hjir-nûmers sille de lêzers har wer tsjinkomme.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 4.4

logo.ensafh

In grot by in figehôf wie mei provisoaryske traljes ôffrede. Hiel tûk. Sa wiene se allegeduerigen ûnder de eagen fan ’e bern en memmen dy’t yn ’e fruithôf dwaande wiene of oan it waskjen by it ymprovisearre stap. Sy wiene it twadde trijetal dat efter de traljes set waard. Efkes letter waard in oar trijetal binnenbrocht. No miste der lykwols noch ien trijetal, dat bestie út Van der Molen, Van der Dol en Simmer. Soe har tank in foltreffer hân ha? Trije maten fuort? It krige de mannen yn ’e grot by it hert dat trije fan harren misskien al dea wiene.… Lês fierder

Skermer

Wêr’t in wurd jin bringt

logo.ensafh

Skermer. Om’t ik eins altyd it Nederlânske ekwivalint fan in Frysk wurd yntype moat om op ynternet wat op te sykjen, die ik dat no ek. ‘Schermer’, 865000 fynplakken. By it earste fynplak gong it om de Noardhollânske gemeente Schermer. By de earste trijehûndert gong it om dy gemeentenamme en om persoansnammen, net mear as fjouwer kear om immen dy’t de skermsport beoefene en dan ek noch trije kear om itselde berjocht: dat de skermer Bas Verwijlen njoggende wurden wie yn Iran. ‘Skermer’ levere 4400 fynplakken op. Hast allinne mar as persoansnamme op allegear Ingelsktalige siden en in pear Skandinavyske, dêr’t it wolris ‘byldskerm’ betsjutte koe.… Lês fierder