Meintsje Brouwer

Utblaze

logo.ensafh

yn ekstaze
swolgje ik dyn azem yn;
fjochtsjend, myn trie
noch efkes stûkjend yn
taastende tûken, nim ik
mei oanlutsen strûpe en
ynhâlden siken dwyl
in flecht nei frijdom,
sweef lichthollich
nei einleas blau, mar
dronken ierde dûnset
stadich tichterby
slop flij ik reade wangen
del yn frjemd gers,
neist in kaartsje mei
dyn namme… Lês fierder

Jehannes Boorsma

Gearkomste

logo.ensafh

De rustfrij-stielen pisbak mei de kaanferballen en it ivich bemiigde opstapke hawwe it mei it fernijen fan it ferienigingsgebou ferlieze moaten.

Allinnich de beide húskedoarren ha it oerlibbe.

Op ’e doar foar de manlju stiet ‘lid’ en op dy foar de froulju ‘gjin lid’.

Soks is helder en jout gjin fertiizjen.

Hinkie stiet no tusken de sketsjes yn it nije urinoir. In keunstmich is as rjochtingoanwizer yn ’e pot plakt.

Dan skoot Arend neist him.

Hy klaut fûleindich yn syn ûnderguod om en docht dan de dingen wêr ’t er foar kommen wie. Nei in baas skeet begjint it wat te mingeljen en hy besiket fergees de keunstmich te reitsjen.… Lês fierder

Klaas Bruinsma

Lucretius oerset

logo.ensafh

Lucretius
De Rerum Natura (III, 1-30)
 
 
Lof oan Epicurus, de Master

Jo, jo wienen as earste by steat út sok in djip tsjuster
sa’n klear ljocht op te tillen, dat strielt oer’t geriif fan it libben.
Jo, o sier fan it Grykse folk, wol ik jimmeroan folgj’en
no yn Jo fuotleasten druke de foarm fan myn foatten as spoaren,
net sa lyk út begear om te kriigjen as wol omt ik langje
Jo út leafde te folgjen. Hoe soe dochs de swel tsjin de swannen
meunsterje; hoe soe de geit doch mei skriljende skonken itselde
dwaan kinne by it draven as de oersterke krêft fan it hynder?… Lês fierder

foaropwurd 105

logo.ensafh

foaropwurd

fan freed 7 desimber 2007

Sinteklaas is fuort, jo kinne wer efkes útblaze, want # 105 iepent dermei yn in moai loftich fers fan Meintsje Brouwer; har debút op Farsk.

Henk Liauckema syn fers Chantal bringt de loft ek poëtysk yn beweging, mar dan wer hiel oars.

Durk Linige docht ús oan mei syn fers by de betide dea fan syn leave dochter Cynthia, yn de Mid-Frysk Goud rige fan Eric Hoekstra.

Abe de Vries is oandien troch de muzyk, it libben en de fersen fan de yn 1997 ferstoarne dichter/sjonger Townes van Zandt. Yn syn essee – plus twa filmkes mei Townesmuzyk – ek Fryske oersettingen fan Townes-lieten troch Gerrit Breteler en Beorn Nijenhuis.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 2.4

logo.ensafh

– Jawis, andere Marco, se binne by Christine leDuc wol te krijen, de prizen farieare fan 29.95 oant 259.95. Se wurde ûnder oaren monteard yn Japanske en Amerikaanske sekspoppen. Dêrfan farieare de prizen fan 49.95, mar dan ha je echt neat, oant 19.999, en dan ha je echt in libbensecht keunstwurk dat oanfielt as frouljushûd. Se kinne ta in hichte nei eigen foarkarren levere wurde: grutte fan boarsten en heupen, hûdskleur, kleur eagen, stevichheid fan it fleis. Der is kar út 12 soarte fan lippen kwa foarm, 4 soarten fan eagen kwa foarm, kear 3 foar de kleur makket wer 12 kombinaasjes.… Lês fierder

Edwin de Groot

In poëtyske sjonger of oarsom?

logo.ensafh

Bennie Huisman – ‘It liet fan de lêste reis’ [3:38]
 
 
De Fryske sjonger en ferteller Bennie Huisman hat dit jier Hûs oan See útbrocht. Syn sechsde titel bestiet út in bondel mei gedichten en lietteksten en in CD mei foardrachten en lieten útfierd troch Huisman yn ’e mande mei Frederike Kleefstra en Corinne Staal. Huisman (60) is hikke en tein op it Hearrenfean en al in foech 25 jier warber as sjonger en ferteller, muzikant en skriuwer. As de gemiddelde Fries frege wurdt hokfoar artyst Huisman is, komme yn it antwurd grif mear as gemiddeld omskriuwingen fan de man foar mei termen as skippersfersen, shantykoaren en tradisjoneel.… Lês fierder

Edwin de Groot

Es ist vollbracht

logo.ensafh
Frij nei ‘Herbsttag’ (1902) fan Rainer Maria Rilke (1875-1926)

In skrale stim út in lea fan neat,
sjongt de wyn de bosk en singels ta houtsskeletten.
Sûcht de grûn it einichste ljocht en blêd.

Winterprei en hazzekoal stekke de earen op en
de grienfrucht toait him al mei winterige kaam.
Rispje dus noch gau wat waarm wie, it simmerfruit
yn Weck en folje de fetten mei swiet ferwachtsjen.

Al it swit fan ’t houtsjen, it steapeljen yn de hokken no ferjitten.
Fan de rinte in waarm hûs en hite brij.
Wy kinne lêze, myn leafste, ek mekoar.
De lytse letterkes en oer lottere ekers dûzje.… Lês fierder