In liveopname út it argyf fan Duo von Däniken. De lokaasje en it jiertal binne net alhiel dúdlik. Wit ien ek wa’t de gitarist is?
Klik op it plaatsje.
In liveopname út it argyf fan Duo von Däniken. De lokaasje en it jiertal binne net alhiel dúdlik. Wit ien ek wa’t de gitarist is?
Klik op it plaatsje.
As de âlde Romeinen
Sit ik steatlik yn bad… Mar!
Net as Archimedes hear
Alde Griken ha altyd gelyk
Mei myn massa ferpleats ik
Moanne, Sinne, Stjerren
Gjin molekulen wetter
Ik hoech der net in oar by
Myn neakenens is fan my
As in âlde Romein
Iepenje ik myn ieren
Reade Magelhaeske
Wolkens waarm libben
Beklaaie aaiwite himelhûd
Ik wurd ien mei it hielal
No sil de reis begjinne
Mar wêr?…wêr binne?
Moanne, Stjerren, Sinne?
Mors Voluntaria
De dea falt ek net ta.… Lês fierder
Duo von Däniken presintearret Lettergek, de literêre rubryk fan Klaas Jansma. Diskear is te gast Baukje Berber, skriuwster fan it berneboek Femke en Hassan.
Klik op it plaatsje.
Goethe die in reis
Nei Itaalje
Rilke nei Ruslân
Obe Postma hat
Nei Harns ta west
As oare minsken
De ien mear oars
As de oare binne
Hja werom kaam
Ik kuiere yn ’e kjeld
Nei Köpenick
Oer de wite
Wuhlheide
Song stikken
Ut ’e Winterreise
Ik wie noch net in
Oar minske wurden
Kaam se lykwols
Wol tsjin
Goed ynpakt allegear
It skeelde in jas
Mei de dei derfoar
Hast beferzen kaam
Ik oan yn Köpenick
En sloech dêr
In skronfelich mantsje
Ut syn unifoarmsjas
De reis werom wie
Stikken waarmer
Myn skonken kamen
Sa heech as de keale
Wuhlheider beammetûken
Ik rûn yn prusyske paradepas
It militêr wêzen siet my in it bloed
De wyn helle bot oan
En gûlde oer de heide:
Wat stiet in unifoarm dy dochs goed.… Lês fierder
De trije hearen yn trijedielige pakken, sieten mei strange gesichten efter in grutte, strak foarmjûne tafel. Se wienen lykwols net werklik strang mar foar de gelegenheid hienen se allegearre it antlit yn’e selde beferzen blik setten, as hiene se fan te foaren oerlis hân en mei elkoar ôfpraat, dat dit no ien kear de meast geskikte oanpak fan dizze saak wie. It gehiel seach der ek wol wat út as in sêne fan in toanielstik en dat gefoel waard noch fersterke trochdat de mannen op in ferheging sieten, in poadium, fan it soarte sa’t je dat noch wol tsjinkomme kinne yn doarpshuzen.… Lês fierder
Duo von Däniken presintearret in unike opname út de jierren 30 fan de foarige ieu. It betreft in 78-toerenplaat fan de doedestiids ferneamde sjongeres en gitariste dy’t bekend stie as Beppe Oppewal. Fryslân stjonkt is in oangripend en emosjoneel dokumint.
Klik op de foto