Duo von Däniken presintearret de earste ôflevering fan Lettergek. Klaas Jansma yn petear mei Baron Freark Beintema thoe Tonto del Pueblo, dy lêstlyn syn skokkende memoires it ljocht sjen liet.
Klik op de foto.
Duo von Däniken presintearret de earste ôflevering fan Lettergek. Klaas Jansma yn petear mei Baron Freark Beintema thoe Tonto del Pueblo, dy lêstlyn syn skokkende memoires it ljocht sjen liet.
Klik op de foto.
Op 20 maaie 1515, arrivearre op in skip, in noashoarn, yn ’e haven fan Lissabon. Sûnt de tiid fan ’e Romeinen, dy’t de folsleine fauna fan Noard-Afrika opbrûkt hienen foar harren sirkussen, hie nimmen mear sa’n manjefyk dier yn Europa sjoen. De mannen dy’t oan it wurk wienen op ’e heal boude toer fan Bením seagen yn elts gefal harren eagen út. Kening Manuel I fan Portugal wie tige optein oer syn kado út Yndia en koe fan ’e spanning mar min sliepe.By it lemieren foel de kening dochs noch yn ’e sliep en dreamde. Yn ’e dream dûnse de noashoarn op twa poaten troch it paleis hinne en joech imitaasies fan oare bisten… sa as in hoanne, in ko, in hûn en in kat.… Lês fierder
Binnen keamerkantemeters
As tinzen fleurich topje
En draaiwaarle nei
Boartlik boljende boekbannen
Tinzen longerjend nei
Langstme ferhalen fan oaren
Oer it selde wetter, wolkens , loften
Mar dan oars
Binnen keamerkantemeters
Yn myn keamerkantekopke
Iepenje ik nije tinzen
Sletten boeken besteane net… Lês fierder
Ut koele rêststân
MNAC, sjoch ik djip yn ’e
Romaanske mangeleagen
Fan ’e Pantokrator
Hearsker oer alles
(En dat is in soad)
Ien mei syn hilligen
Yn beplastere hielal
Hjir op Montjuïc
Oant in beierts leven
De Hel op ierde bringt
Ik hear drums
Ik hear gitaren
The Rolling Stones
Spylje fan ’e jûn op Montjuïc
As soundcheckbea
Rame no de roadies
Skuorren yn ’e ivichheid
Ik hoopje dat it aanst
Fûl reine sil
En dat de Rockrelikten
Elektrokutearre wurde
Dat soe nochris befrediging jaan
Dat se de berch ôfrôlje meie
Sa it wetter yn
Dat se harsels
De lêste mominten
As behoarlike stiennen
Gedrage sille
Mei skik en fatsoen
Swijend
Sinkend
Mar skande foar de see
Sâltich skomjend
De neitriljende tútlippen
Fan Mick J.… Lês fierder
Christos woskresse, wo istini woskresse.
Kristus is ferriisd, Hy is wis wier ferriisd, wurdt, benammen mei Peaske in soad brûkt yn’e Russysk Otterdokse tsjerke. De Pope seit it earste en it tsjerkefolk anderet dan it twadde gedielte.
Peaskefakânsje
Yn’t iere
Gielich triljend
Moarnsljocht
Rook fan
Unsuorre brea
Yn Suzdal
Mei Peaske
Kaam ik
Jezus Kristus tsjin
Otterdokse klokjes
Tingelingelingelen
Lûd fan libben
Net fan dea
Hy sei, wis wier
Fan’e moarn betiid
Bin ik ferriisd
Soe sa graach ris
Peaskeaaien fervje wolle
Ik sei
Kom mar mei
We ha de hiele dei
Ik helle aaien
Farve en sa mear
Hy gong los
Gottegot
Wat koe Er skilderje
Us leave Hear
Auratûnge
Tusken lippen
Hiel kontemplatyf
Wurke Hy mar troch
Alle aaien abstrakt
Net ien figuratyf
No mar efkes skoft?… Lês fierder
the girls were young
and worked the
streets
but often couldn’t
score, they
ended up
in my hotel
room
3 or 4 of
them
sucking at the
wine,
hair in face,
runs in
stockings,
cursing, telling
stories…
somehow
those were
peaceful
nights
but really
they reminded me
of long
ago
when I was a
boy
watching my grand-
mother’s
canaries make
droppings
into their
seed
and into their
water
and the canaries were
beautiful
and
chattered
but
never
sang.
de fankes en de fûgels
de fankes wienen jong
en tippelen op ’e
strjitte
gauris hienen
se gjin klanten,
einigen dan
yn myn hotel
keamer
3 of 4 fan
harren
sloarpjend fan ’e
wyn,
hier yn ’t gesicht
omdjoeiend yn
nijlons,
flokkend, ferhalen
fertellend…
dochs
wienen dit
fredige
nachten
mar eins
dienen se my tinken
oan lang
lyn
doe’t ik in jonkje
wie
eagjend nei beppes
kanarjes
hoe’t dy
yn it sied
skieten
en yn it
wetter
en de
kanarjes wienen
prachtich
en
tsjetteren
mar
songen
nea.… Lês fierder
Ik sjoch mysels
Yn trijelûkspegel
Sokke foto’kes
Makken se ek
Yn de foarige ieu
Lofts, rjochts
Harsens frontaal
Ik ha my yn in
Ivichheid net
Goed besjoen
Dampich út bad
Ja, it Pyknysk type
Sa fuortrûn út in
Pasjintedossier
Etalaazjepop op in
Fakânsje útstapke
Alle ûnderdielen
Wurkje noch wol
Mar dat kin moarn
Samar oars wêze
As je better sjogge
Troch de lins
Binne de pixels
Al yn ûntbining
En farsk sied
Boarne fan nij libben
Is krekt ferdwûn
Troch de ôffier
Fan it bad
Ik hoopje sa
Dat de lytse
Pyknyske
Homunculi
Parasjútsjes hawwe
En wichtiger noch
Swimme kinne… Lês fierder