Ate Grypstra

Ynkantaasje

logo.ensafh

it swurk hinget swier as fertriet oer it fjild
it ivige griis kringt hjir gûlend yn ’t grien
de blêdleaze beammen sy bidde yntins
mei útstrekte klauwen en smeke om kleur

druide wol ’k wêze, bedwelmje de wrâld
mar spreuken fan simmer dy noaskje my net
gjin magyske maitiid lit ’k los op dit lân
ik slach it mei sniejacht, beklaai it mei kjeld

o Noardlike Naasje, hear goed nei myn lûd
myn Fryslân befries wer, wurd Winterryk hjoed… Lês fierder

Ate Grypstra

De mind games fan Wobbe Atsma

logo.ensafh

Yn syn debútbondel It liket op fleanen (2006) betoant Wobbe Atsma him in rasferteller. Lykas syn kreaasje Liuwe, de haadpersoan út it ferhaal ‘It reade gefaar’, wit de skriuwer syn publyk yn ‘e besnijing te hâlden mei keunstige fertelsels. Fan Liuwe wurdt sein dat er in ‘rike fantasy’ hat en dat er mei syn ‘byldzjende ferhalen’ de minsken ‘bêst fermeitsje’ kin (s.59).

Yn dat opsicht soe Liuwe dus samar in alter ego fan de auteur wêze kinne. Ommers, at it op byldrike fertelkeunst oankomt, lit Atsma fuort oan it begjin fan ‘e bondel al in sterk staaltsje fan syn kinnen sjen.… Lês fierder

Elmar Kuiper

Dinges

logo.ensafh

Dinges seach my ynkringend oan. Ik bin har namme even kwyt, dêrom neam ik har dinges. Ik liet de eagen gean oer dinges har boarsten. Dat die ik fan needs. Ik koe der nammentlik net oer as dinges my langer as twa tellen oanseach. Der bleau neat fan my oer. Dinges rûkte út har mûle, dat fûn ik in minpuntsje. De pluspunten moast ik ‘wol aardich’ fine. Ik koe net oars as beneam it sa. In hegere kwalifikaasje soe in mislediging wêze foar it ierdske wêzen dat dinges by einsluten ek wie.
 

DE FERPLICHTING MOAT DERÔF

Lyk as alle oaren moat ik de tiid deadzje.… Lês fierder

Rein de Lange

Ofreis

logo.ensafh

leech mei kompliminten
bring ik mysels yn feiligens

sjochsto wat hjir gebeurd is?
sels ik ferlit it sinkende skip

yn besykjen omwuolle
hûd wol ik dy leafkje

mar do leist my yn ’e lijte
oan legerwâl, rotsfêst fertrouwen

skansearre yn in nachtdize
de oanboazjende ôfreis ljochtet op… Lês fierder

Andries Miedema

Willem Kloos: ‘Ik droomde van een kálmen, bláuwen nacht:’

logo.ensafh

III

Ik droomde van een kálmen, bláuwen nacht:
De matte maan lag laag in mistig glimmen –
Maar hóóg scheen van de schemerende kimmen
Der klare starren wolkenlooze wacht.

Toen, tusschen maan en starren, rees Zij zacht –
Mij zoeter dan de Muze! – en scheen een schimme,
Wijl ‘k om haar hoofd als diademen klimmen
En dalen zag der sterren gouden pracht.

O liefste mijne! éer ik een gróete vond –
Ave Maria! ruischte ’t door mijn ziele,
En heel mijn ziele ruischte u toe – éen zucht…

Totdat op eenmaal door de stille lucht
Al die millioenen gouden droppels vielen,
En ge als een heilige in die glorie stondt.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Wat moatte se dan leare?

logo.ensafh
in ferfolch op: oer in kanon, laden mei klisjees

Yn ’e ideeën oer wat ûnderwiis betsjutte kin, binne twa utersten. It minimumdoel fan ûnderwiis waard formulearre troch VN-organisaasje Unicef. Dy seit altiten: lit jonge bern yn elts gefal leare. Makket net út wat. As it fermogen ta learen yn ien syn jeugd net brûkt wurdt, stjert it hiel maklik ôf.

Maksimumdoelen binne opsteld yn Nederlân, wêr’t tal fan kommisjes fol fan gelearden yn detail de easken fêstlein hawwe dêr’t in learling oan foldwaan moat, oan ’e ein fan ’e oplieding. Op hokker nivo ek. Mar hoe detailleard dy eintermen ek binne, folslein lykje se noait te wêzen.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Oer in kanon, laden mei klisjees

logo.ensafh

Ynhâld dy’t skraal ôfstekt by de pretinsjes fan ’e titel. ‘Tinspraak’ neam ik dit, en it ferskynsel wurdt hieltyd normaler. Op de kommersjele TV-stjoerders is soks sels gebrûklik. Guon útstjoeringen dêr krije titels mei as: ‘De 50 grootste showbizzgebeurtenissen ooit’. Mar dy programma’s binne fral te herkennen oan in nuver beheinde kar oan fragminten, en in heech gehalte oan jeuzelpraat.

Sa gau’t it giet oer skiedniskanons, sjoch ik opfallende parallellen mei sokke pulp-TV.

Nammers, oer it ferline witte wy it measte net. En in soad fan wat wy wol witte, is iensidige lêberij. De skiednis wurdt no ienkear skreaun troch de oerwinners.… Lês fierder