Foaropwurd 94

logo.ensafh

foaropwurd

freed 20 april 2007

Skimeret Farsk 94 yn de Twilight Zone?

Jaap Krol hellet dizze Golden Earring-hit oan yn syn Krollum. Kloos komt út it ferline foarby mei it fers ‘Ik denk altoos aan u’ en Andries Miedema set dêryn ‘bleke moarnsmist’ oer. Hakan Jörder nimt blau ljocht waar. En wat is der waar te nimmen yn Paad fan Albertina Soepboer? Jelle Zwart komt yn trije fersen mei waarnimmingen, fan libbenden en ferstoarnen. Yn Farskradio Jan en Romke Kleefstra mei De dea weromfûn.

tz1.jpg

Oer seleksjes yn it waarnimmen en it skriuwen fan histoarje hat IJsbrand van den Berg syn Krityk, as reaksje op it besprek fan Eric Hoekstra (Farsk 93) oer Kerst Huisman syn fisy op de ‘Fryske Kanon’.… Lês fierder

Andries Miedema

Willem Kloos: ‘Ik denk altoos aan u, als aan die droomen,’

logo.ensafh

I.

Ik denk altoos aan u, als aan die droomen,
Waarin, een ganschen, langen zaalgen nacht,
Een nooit gezien gelaat ons tegenlacht,
Zóó onuitspreek’lijk lief, dat bij het doomen

Des bleeken uchtends, nog de tranen stroomen
Uit halfgelokene oogen, tot we ons zacht
En zwijgend heffen met de stille klacht,
Dat schoone droomen niet weerommekomen…

Want álles ligt in eeuw’gen slaap bevangen,
In de’ eeuw’gen nacht, waarop geen morgen daagt –

En héel dit leven is een wond’re, bange,
Ontzétbre dróom, dien eens de nacht weêr vaagt –

Maar in dien droom een droom, vol licht en zangen,
Mijn droom, zoo zoet begroet, zoo zacht beklaagd…

Willem Kloos

I.… Lês fierder

Albertina Soepboer

Paad

logo.ensafh

Ien is kaam hjoed en hat mei in grutte spuit izer yn ’e loft blaasd. Hy rint yn ’e achtertún en sjocht omheech. It waarme en losse sân kribelet ûnder de fuotten. Fan ’e moarn betiid is de wyn lizzen gien. No wurdt it hyt en sil it boppe de heuvels trilje. Sokke saken is er wis fan. Net wa’t al dat griis yn ’e loft spuite hat. Der is ek gjinien om soks te freegjen. Olla is fuort en hy sjocht nei de reade swimbroek dy’t se him jûn hat. Oait joech se him sokke saken doe’t de romte tusken de wolken noch foar it grutste part fan ’e tiid gewoan blau wie.… Lês fierder

Jelle Zwart

Troch de iene

logo.ensafh

En it kaam
oer my
dat myn ferstoarnen
fan it lêste jier
rûnom my stienen.

Seinen, soademiter
op do libbest noch.

En ik net
de swarte plastic
pûden út de
Libanon, fan
Pangandaran
yn kûlen lein.

Fan myn netflues
krije koe. Net
it sacht flanel
fan treast, it
ivich libben.
Net de hurde
bjinder fan dea
= = dea.

Seach lang
yn ’t ljocht fan
felle sinne, oant
swart in skerm
oer myn eagen kaam.

Op it kante grien
fan myn floeiblêd
skriuwt
it andert ea
yn wyt.… Lês fierder

Jaap Krol

Krollum | Golden Earring

logo.ensafh

Gjin kwea wurd oer de Golden Earring fansels. It binne wiere rockers, tôge yn learen jas, sinnebril en feteranensturt. Ek wit gjin ien of se noch drugs brûke en elke dei omraak sitte te sûpen en te kezen of just net. The myth continues, sis mar.

Spesjaal foar dizze kollum ha ik sjoen nei ‘Live From The Twilight Zone’, in registraasje fan in ‘Back Home Concert’ út 1984. It konsert hie wol wat in Spinal Tap*-gehalte, mar ik fyn dat elke band dy’t, op hok foar wize dan ek, wat fan Tap hat, in band mei potinsje.… Lês fierder

Jaap Krol

Krollum | Golden Earring

logo.ensafh

Gjin kwea wurd oer de Golden Earring fansels. It binne wiere rockers, tôge yn learen jas, sinnebril en feteranensturt. Ek wit gjin ien of se noch drugs brûke en elke dei omraak sitte te sûpen en te kezen of just net. The myth continues, sis mar.

Spesjaal foar dizze kollum ha ik sjoen nei ‘Live From The Twilight Zone’, in registraasje fan in ‘Back Home Concert’ út 1984. It konsert hie wol wat in Spinal Tap*-gehalte, mar ik fyn dat elke band dy’t, op hok foar wize dan ek, wat fan Tap hat, in band mei potinsje.… Lês fierder