Fakuüm
Hoe koe ik mei
myn stomme harsens
fjouwer wynflessen oanbrekke
wylst ik mar twa fakuümkoarken
ha?
Hoe yn de oerdied fan fjouwer
krystdagen yn 2006 nei
Freek net it tafal
treffe hjir it andert op
te finen?
Wêrom sleepten myn skuon
troch it gers yn de tún
fanwegens stront omt
kleed by efterdoar al
smoarch wie?
Wêrom komt der diskear
gjin wetter út de kraan
kin ik myn hannen
net waskje, is myn broek
te goed om ôf te feien?… Lês fierder
Fakuüm
Hoe koe ik mei
myn stomme harsens
fjouwer wynflessen oanbrekke
wylst ik mar twa fakuümkoarken
ha?
Hoe yn de oerdied fan fjouwer
krystdagen yn 2006 nei
Freek net it tafal
treffe hjir it andert op
te finen?
Wêrom sleepten myn skuon
troch it gers yn de tún
fanwegens stront omt
kleed by efterdoar al
smoarch wie?
Wêrom komt der diskear
gjin wetter út de kraan
kin ik myn hannen
net waskje, is myn broek
te goed om ôf te feien?… Lês fierder
Ik bin stilsit
Stobbewylch ik
kâldkreakjend myn hout
dôf fan jannewaris
(ûn)heil
Rêd as de wyn
wiskest oer finneraai
myn tûken meitsje
gjin seil
Yn ierde en oer
woartelstobbe ik
weidzje it fiterjen
efternei… Lês fierder
Hy die syn jas
Hy die syn jas
en frege kapstok har
te dragen.
Hoed sweefde fierder
oer ’t grien tapyt en foel
yn sliep neist ivich moai in liif
dat har al deljûn hie en net mear
fan syn dreamen wist.
De oare deis
waard wekker. Hong sinne
efter grys it kleed.
Sweefde fierder wite hoed
oer ’t grien tapyt op siik nei
wat ier opstien wie en efter
in feal gerdyn ferdwûn.
Fan deade dreamen makke.
De jas tsjin kjeld
útrêst fan de kapstok
droegen, rôp hoed.
Swalken rûn dampeal
op it leechlân ta. It grien
tapyt de hjerst út nei in
waarme winter.Wêr… Lês fierder
Neat is wat it skynt
Salvjend hingje
krúsdragers
tusken skiere els en esk
Mar wiidflechtich past
dyn sigenliif
it bêst
Wei fan
eilânsk bosk dêr’t
dea omwaret yn meartal
En do, hazze
witsto fan siden tried
as houk dy sjocht
Hy monark
do liifeigene en
fretten foar keningsbern
Oer de grêften kom ik net
lit de spoaren oan âldboers kij
myld hat fjoer nea west
Brekker fan flakkens
jout prachtich lân… Lês fierder
Krollum | Krezip
Spesjaal foar dizze kollum ha ik in dvd fan Krezip hierd. Krezip is in band dy’t op de popakademy yn Tilburg foarme is. De dvd bestie út selsmakke filmkes fan in toernee en in registraasje fan in konsert. Dat konsert wie in barren yn it unplugged-sjenre. De fans sieten dan ek ticht om de band hinne en hiene alle kâns harren idoalen as gekken te bestoarmjen.
Unplugged, dat is foar in band dochs ek in soart ‘proeve van bekwaamheid’. Se litte hearre of se no wol of net spylje kinne. Krezip moast dus ‘het geleerde in praktijk brengen’.
Foar’t se it toaniel op soene, hiene se in meditatyf momint, lykas volleyballers altyd dogge as se de earste set ferlern hawwe.… Lês fierder