Andries Miedema

Mandelstam: ‘Fan âlde winen preau ik grif noch nea,’

logo.ensafh

Fan âlde winen preau ik grif noch nea,
fan Ossiaan syn sangen wit ik neat,
wat moat ik oan mei dat ferlitten gea,
mei Skotlân en syn moanne, bluodderich read?

Wer hear ik yn ‘e broeierige stilte
de harpe: stjoert de raven in âlde mied,
yn ’t moanneljocht flitse de sjaals en kilten –
in rezjimint dat út ‘en fjouwerjen giet!

De dreamen fan ‘e doarmjende minstrelen
binn’ no myn part, as erfenis my wûn.
Wit, as nêst en buert jo gâns ferfele,
dat, yn foarried al is ’t jo ferjûn.

Sûnt jier en dei passearje al dy sangen
’t neislachte, en mei in fêste stim
sil wer in skald in liet yn wurden fange,
in liet ea fan in oar en no fan him.… Lês fierder

Albertina Soepboer

Altyd wer dûnset myn hurde maart

logo.ensafh

Wat ik net staverje koe: de graffiti op in muorre
de kofje yn ’e trein, dyn hannen dy’t yn in letter
jier komme soenen en ik frege my oan ien tried wei
ôf, gliidzje ik fan de dagen ôf, hat immen it ljocht

betocht of bin ik sa mankelyk as de hûnen yn it A-
kwartier dêr’t de maartske moanne trille op it punt
fan nachtenlang âlde fuotstappen telde ik sa fan ja
ik bin net lokkich, ik bin de wyn, ik bin it lêste punt

no bin ik wol âlder, no fiel ik krekt dyn hannen, no
bin ik langer, wizer en tryster, sadder though woman-
like, ha ik de djipreade lippestift en wit ik wol hoe’t

ik dûnsje sil as de planeet yn myn palmen raant en ik
tink altyd oan dy, altyd oan in oar, oan dy dy’t ek sa
dûnset op it hurde ritme fan ’e platte ierde ûnder ús.… Lês fierder

Ulke Brolsma

El Presidente Alan García

logo.ensafh

Swalkje troch Súd Amearika

Alan García, presidint fan alle Peruanen, is in man mei grutte jeften. Foaral om yn it nijs te kommen. No is dat yn Peru as presidint net sa dreech. Der is alle dagen wer in tv-programma ‘de aginda fan de presidint’. Der kin er syn gong mar gean. Gjin inkelde krityske fraach. Hy kletst mar raak. Klink dan en daverje fier yn it rûn. Sa ûngefear.

Hy hat yn syn earste 180 dagen ek al hiel wat út de wei set. Earst syn plan om de deastraf wer yn te fieren. Ja, dit lân hat in hurde master nedich.… Lês fierder

Bert Kobus

Op in studintekeamer

logo.ensafh

Dat in minske alles ferlieze koe,
safier wie ik net west

Mar ûnder it daksrút
begroete ik de stjerren
en skrok fan myn eigen stim

It wie trije oere nachts
It lûd fan tillevyzje
lytser as de stilte
It tsjuster grutter as it ljocht

Nea dat op my wachte
sels gjin leechte mear… Lês fierder

Ytsje Hoekstra

Wykboek Praach — part iii

logo.ensafh

Omdat ik it ‘pabitele’ (poëtysk praat fan de gewoane minsken, neffens Hrabal –sjoch diel ii) net ferstean, besykje ik fan minsken de ‘bodylanguage’ te lêzen. Guon spylje graach teater yn grutte gebearen, om dy oan dyn rol fan ‘bloody tourist’ te hâlden.

Kinst dysels hjir rûnom spegelje oan oaren, yn antlitten, ruten, doaren, ynformaasjebuorden yn de metro ast se lêst mei in swalker dy’t meisjocht oer dyn skouder. Al steane eagen faaks dof of boartsje ferside. Inkeld fynst in skittering of in ferhaal yn in pear eagen. Of, fielst eagen dy’t der net mear binne. Spegeltsje, spegeltsje oeral by de hân, wa is hjoed de nuverste yn dit lân?… Lês fierder