Foaropwurd 64

logo.ensafh

LÊSTE NÛMER FAN ’T JIER

In drok jier wie ’t, mei in protte polemyk, redaksjewikselingen, mar ek wer mei in bulte ynstjoerings! Wy hoopje yn jannewaris wer mei nije moed en ynset oan ’e slach te gean en wolle jimme, lêzers en skriuwers, no alfêst tanksizze foar jim meiwurking yn it ôfrûne jier. Lykas bekend sille de bêste en nijsgjirrichste publikaasjes op Farsk takom jier ferskine yn it Jierboek 2005.

Begjin takom wike komt der noch in besprek fan Tsead Bruinja syn bondel Gers dat alfêst laket op de site. No earst mar noflike – tsjustere! – dagen tawinske, in goed útein en in moai begjin fan 2006.… Lês fierder

Joke Corporaal

In heal skeard skiep

logo.ensafh
besprek doeke sijens, douwe kalma yn piama en oare stikken oer fryske literatuer (koperative utjouwerij, 2004) 235 s.

Okkerdeis wie ik by in fraachpetear mei de dichter en skriuwer Tonnus Oosterhoff, de 20ste gastskriuwer fan de Rijksuniversiteit Grins. Doe’t de ynterviewer Oosterhoff konfrontearje woe mei it feit dat hy him der hiel bewust fan liket hoe’t er him as skriuwer posysjonearret (Oosterhoff jout net graach ynterviews en wol — at it dan dochs moat — eins allinnich oer syn wurk prate, leafst sa détailleard mooglik) reagearre Oosterhoff mei te sizzen: ‘Ik bin gjin saakkundige op it mêd fan literatuerwittenskiplike teoryen oer posysjonearring, mar ik ha der wol wat oer lêzen.… Lês fierder

Abe de Vries

Leafdeslied fan in ferlegen sater

logo.ensafh
oer gers dat alfêst laket fan tsead bruinja.

Nei de hynders en bommen, it foarmgeweld en de nijsgjirrige spielerei mei postmoderne ferfrjemdingstechniken yn Gegrommel fan satyn (2003) bringe it gers, de fjilden, de seedyk en de hast arkadysk besongen leafde yn Tsead Bruinja syn nije, fjirde Frysktalige bondel Gers dat alfêst laket in woldiedige fersobering.

Ferfloeien
It ADHD fan ’e grutte stêd is fier fuort, de lûde kladderadatsch fan bylden en genres is ynwiksele foar in iepen, muzikale en foaral ierdse lyryk dy’t – dat kin no alfêst sein wurde – guon fan de moaiste leafdesfersen opsmyt dy’t ik de lêste jierren yn it Frysk lêze mocht.… Lês fierder