Kommen en gean
hy kaam,
sûnder ûnderbrekking
waard it hichtepunt
berikt
hy kaam
mei oerweldigjende
gefoelens
fan opwining
sy kaam ek,
in skoftke letter,
allinne
mei kroljende noas
wie hy doe
alwer nei hûs… Lês fierder
’t Zilt
It is it blauwe
it is it griene
it is it brune
de grize kleur
fan it waad.
It hat de stilte
it hat de koelte
it hat de oanset
it stoarmich lûd
fan it waad.
It toant de blakte
it toant de romte
it toant rûnom
it wide sicht
fan it waad.
It skriuwt in wurd
it skriuwt in skip
it skriuwt in daam
it byld oan kimen
fan it waad.
It riert myn kofje
faget myn tafel
skoot myn stoel
makket myn rekken
op oan it waad.… Lês fierder
De 100 mooiste Friese gedichten
Justermiddei is by Omrop Fryslân de blomlêzing oanbean fan Babs Gezelle Meerburg en Jetske Bilker mei boppeneamde titel. Ik wol fuortendaliks in pear yndrukken kwyt.
Unferwachte seleksje
Yn it foaropwurd lizze Bilker en Meerburg hiel dúdlik út dat de seleksje har eigen subjektive kar is. Krekt omdat der al in oantal ‘represintative’ blomlêzingen binne, benammen de Spiegel en Dream yn blauwe reinjas, is der romte foar in seleksje op basis fan eigen smaak, stelle de gearstalsters. It resultaat is in ferrassing: Fiifentachtich fersen binne fan de lêste tweintich jier. Dat is wol in hiel ûnhistoaryske smaak foar poëzij! Soene de dames as it giet om (pop)muzyk, arkitektuer, film of skilderkeunst ek sa’n smaak ha?… Lês fierder
Krollum | Foto’s
Yn septimber bin ik nei Noorderlicht west, de jierlikse fotomanifestaasje yn Grins. De measte minsken hawwe wol wat mei foto’s; ik dus net minder. Yn Der Aa-kerk hongen portretten, lânskippen en stúdzjes dy’t allegear wat sizze woene oer ús tiid.
Foto’s hawwe in nuver effekt op de sjogger: hoewol’t de byldtaal meastentiids hiel werkenber is, is de ôfbylding meastal sa betocht as it mar kin. In foto is ien en al manipulaasje: kleur, ljocht en dekor binne meastal bewurke, de ynhâld is suggestyf of it tema is bytiden folslein út syn ferbân helle. Mar it besjen fan in goeie foto is dêrom net minder moai.… Lês fierder

Doktor Joseph Goebbels Goes Duck
Wie it net Walt Disney dy’t sei…
‘When I hear the word culture I unlock my revolver’.
Herr Doktor Goebbels sit op it strân
Fan it Baltysk badplak
Bad Heiligendamm
Syn lofterpoat is tsien sintimeter koarter as syn rjochter
As gefolch fan Osteomyelitus
Bonkemoarchûntstekking
Mar dat sjocht gjin minske
Want Goebbels is troch ien fan syn sân bern
Oan’t syn kin yn ’t sân begroeven
Undertusken sjocht hy mei nocht nei moaie noardske froulju
In soad ha swart hier
Ien op de trije is mar blond
Seit syn each fol statistyk
Ik sil in dekreet útfeardigje litte
Dat swart- én brúnhierrige froulju har hier
Mei peroksyde bleekje litte moatte
Read froulju binne kommunisten
Dan falt him ynienen wat yn
Miskien is syn idoal Doanald Duck
Wol in swarte ein en hat omke Walt
Him yn ’e peroksyde smiten
Goebbels moat laitsje
En docht in nuvere mime imitaasje
Fan de dan ek al wrâldferneamde ein
Frou Magda G.… Lês fierder