Anne Feddema

Katalaanske Sketsen

logo.ensafh

 

 

 

 

Fakânsje Brava Kuierke

De Sinne is hjir
Mear fan my
As dat er dat
Thús is, mei my
Op dit stuit
Fan hûs is … lykas
Rein en wyn.

Ik wurd hjir âlder
As god bedoel ik
Wraakberet ék
Yn myn hotel
Lúkse Panteön
Beskôgje ik de
Mindere goaden
By de earetsjinst fan
It Rinnend Buffet

Alle dagen kuierje ik
Kom ik lâns kafeeke
El Rincon, ‘t Hoekje
Op it terras dêr sit
Mei tastimming
Fan hegere machten
In loco lokaal dy’t
Gluoreagjend
Fanút syn hierrige
Halo sa no en dan in
Djippe gjalp op
Toeristen loslit

As er my sjocht
Seit er lykwols:
Ola señor … qué tal?… Lês fierder

Anne Feddema

Profane Ritus

logo.ensafh

Ja lêzers, it deistich libben. It is gauris wat. Jo komme fan bêd, as dat slagget en dan … folje mar yn. Dat ûnbidich grutte kleurboek dat nei de namme ‘Libben’ harket, leit fol blide ferwachting klear foar jo persoanlik ferskaat oan bûnte potleaden. Ja, ja … dat liket derop, mar as we de poëtyske metafoaren efkes litte foar wat se binne dan bliuwt der, útsein foar de ‘action heroes’ ûnder ús, meastal in behoarlik oantal pisbleke oerkes oer. No wol ik it eins net hawwe oer hoe’t oare minsken de dei dan al of net trochkomme, want dat wit ik fansels net fan elkenien.… Lês fierder

Anne Feddema

Jammerder mei in missy

logo.ensafh

Ien fan ’e foardielen fan it hawwen en skriuwen fan in kollum is dat je sa no en dan ris kwyt kinne wat jo werklik yn ’e besnijing hat of hân hat, foar in koartere of langere perioade. Eamelje sûnder skamte en wêrom ek net? Faaks hat in oar der ek noch wat oan.
Dit giet oer myn byldzjend keunstnerskip. (It Narreskip fan Jheronimus Bosch … en mar fergees happe nei de koeke). Dit skip is al mear as fjirtich jier ûnderweis en in haven komt noch altyd net yn sicht. Wat dat oanbelanget hat myn keunstnerskip wol oerienkomsten mei it omdoarmjen fan de klassike held Odysseus, jim witte wol, dy fan: gjin Home Run foar Homerus.… Lês fierder

Anne Feddema

Spermatopsida

logo.ensafh

 

 

 

Blêdwalhalla
Ein augustustún
Dûnsjend ljocht
Tis no tee
Taksonomytiid

Dat ik hjir no noflik sit
Linnaeus’ eigen
Túnkabouter
Op stoel en stove
Sicht op soarten
Skientmeskamte

Hast hjerst dêrnei
Winter op ’en paad
Floara komt hjir
Lykwols noch
Alle dagen
Triuwket wijde ierde
Tutet kleur

Geile grûn

Lêste stûpen
Sweltsjeblom
Sjit sied oer
Fiif meter
Ik kin it
Net frek

My lyk foar
Myn bek… Lês fierder