Lit ik it mar earlik sizze: ik ha wat mei kassabontsjes. Yn in tiid, lang lyn, doe’t der noch gjin reklameteksten op ’e efterkant fan ’e feltsjes stiene, koe de dichter op ‘en paad, yn it bûtenlân of wherever, dêr moaie ynfallen of, wis wier, hiele gedichten op kwyt. Ik ha sels in kear, ik wie doe – noch net hiel lang lyn – yn Bremen, in fers skreaun oer it skriuwen op lege efterkantkassabontsjes, nei’t ik ta myn ferbjustering, in bontsje krige, dat efterop romte hie om tekst kwyt te kinnen. Dat fers waard by eintsjebeslút pleatst en ik moat sizze: dêr kaam mear reaksje op as trochgeans op myn fersen (gjin).… Lês fierder

