Berend Folkertsma op de ukelele, tegearre mei syn Dokkumer buorlju Ling Ping en Mei-li Ping op tradisjonele Sineeske instruminten.
Berend Folkertsma op de ukelele, tegearre mei syn Dokkumer buorlju Ling Ping en Mei-li Ping op tradisjonele Sineeske instruminten.
Nei oanlieding fan de rige oer komponist Berend Folkertsma (1945-2009) waard de redaksje in unike opname fan in oargelspyljende Folkertsma tastjoerd.
De opname datearret út 2004, en is makke yn de Grutte- of Sint Martinustsjerke yn Dokkum. It is net hielendal dúdlik oft Berend Folkertsma ûnder ynfloed wie tidens dizze opname, mar muzikolooch Keimpe Alkema, dy’t in biografy oer Folkertsma skriuwt, mient fan al.
Berend Folkertsma (1945-2009) hat nei alle gedachten trije kear besocht om in symfony te komponearjen. Der binne spitigernôch allinnich mar fragminten fan oerbleaun.
De 2e symfony foar lyts orkest út 1984, is, foarsafier wy it beoardielje kinne, want der is mar in bytsje fan bewarre bleaun, in fleurich stik muzyk. Dat hat grif te meitsjen mei it feit dat 1984 ek it jier fan syn ferloving mei Aafke Hondius wie. De relaasje rûn lykwols al rillegau op ‘e non, en frou Hondius emigrearre nei Kanada. Dêrnei binne Folkertsma syn problemen mei ferslaavjende middels slim tanaam…
De útfiering is fan de famylje Kingma, út Deinum.… Lês fierder
De ferneamde Fryske bluessjonger fan eartyds Dôve en Bline Pibe sjongt ‘Ik bin dôf en blyn’.
… Lês fierder
https://soundcloud.com/duo-von-daniken/wie-bistou-nou-11-05-2021-1210
‘Wie bistou nou’ is in troch ús techneuten wat opknapte opname fan de legendaryske Ljouwerter band De Suurtsjes. Sjonger Jan Braaksma (1952) is spitigernôch net mear ûnder ús… Hy hat in wyld libben libbe…… Lês fierder
It is noch net algemien bekend, mar komponist Berend Folkertsma hat ek elektroanyske myzyk makke. Jo kinne diskear harkje nei Swarte Triennen, bedoeld foar de film dy’t by it lyknammige boek fan Willem Verfstra makke wurde soe, mar fan it projekt is (oant no ta) neat op ‘e hispel kaam.

Berend Folkertsma

Willem Verfstra
Klik hjir foar de muzyk… Lês fierder
In tige oangripende foardracht fan it fers It Aai fan Froukje Lidewij, lid fan de dichtersgroep Sinnesang út Menaam. Froukje Lidewij wurdt begelaat op gitaar troch de bruorren Jan en Marten Heegstra, ek út Menaam. Klaas Bokma út Ingelum spilet op de tuba.
It aai
It is in fûgel
dy’t fleane kin
en it is in aai
mei wjukken
koe ik mar fleane
as in aai
nei dy ta
sa fier fuort
Klik op it portet foar it fers en de muzyk