Jelma Knol

Mear as sjamanistysk patchwork, oer ‘Herbarium’ fan Albertina Soepboer

logo.ensafh

 

Troch it dichtwurk fan Albertina Soepboer waait faak in stevige seewyn dy’t my as lêzer de noardlike lânskippen oan de kust foartsjoent. Neist har frisse, elemintêre taalgebrûk en sobere foarmerykdom binne it ek de ûnderwerpen dy’t my bekoare: de bernetiid, leafde, dea, de seizoenen, it yninoarranen yn guon fersen fan it no en it ferline, de ferwizings nei archetypyske symboalen, getallen en/of kleuren. De taal yn dizze bondel is sober en tiidleas. Wol blinkt de dichteres út yn it brûken fan âlde en nije wurden lykas ‘breake’ en ‘snietinner’.

It Herbarium dat se oanlein hat en dat yn 2014 by Frysk & Frij ferskynde, liket by earste lêzing net oars as it eardere wurk.… Lês fierder

Jelma Knol

Johnny Cash of Leonard Cohen?

logo.ensafh

Operette is foar de dommen en lytsboargers, oer André Rieu prate wy net en countrymuzyk is krekt sa dom as operette.

Jierrenlang hawwe wy meidien oan dy elitêre foaroardielen, mar wy makken in útsûndering foar Jacques Offenbach. Under it iten (wy dinearje net, dat is te boargerlik; wy ploffe de boarden op in swilkje dat wy nei ôfrin mei in wiet doekje skjinfaaie) draaie wy wol muzyk. Van Morrison, Leonard Cohen, George Brassens en Moustaki: de smaak fan twa jongâlde babyboomers). Van the Man tankje wy oan twa HJIR-redakteuren, de ivich oanhâldende fans Jan Kooistra en Jacobus Smink. Fan Kobus haw ik ek de leafde foar Tom Waits meikrigen.… Lês fierder

Jelma Knol

Marten Toonder kado en de dwaalwegen fan Tresoar

logo.ensafh

It Kadoboek fan Swalk 2015 is De Ferjilder fan Marten Toonder yn de oersetting fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra. Tankewol. Ik haw my dêr in oere tige mei fermakke, sa’t ik dat altiten doch mei de wurken fan Bremer en Hoekstra. Op de bekende boartlike en fernimstige wize is it argayske Bommeltaaltsje oerset yn geef Frysk, yn in idioom dat foar 1940 noch húsriem wie yn beskate rûnten. Moai fan de Bommelútjeften yn oblongformaat is ek dat de kostlike tekeningen justjes wat grutter binne as yn de âlde Bezige Bij-paperbacks. En it jout pommeranten as Dijsselbloem (of syn foarljochter) werris de kâns om in ferdivedearjend foaropwurdsje te skriuwen.… Lês fierder

Jelma Knol

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 3, 2015

logo.ensafh

Germanen yn de Fryske literatuer

Foar jim leit it jierlikse spesjaalnûmer fan Ensafh: Germanen yn de Fryske literatuer is diskear it ûnderwerp. Dêr heart fansels in stinnerige ferantwurding by en it seit wat oer de fleurich-anargistyske sfear yn de redaksje fan ús tydskrift dat wy ús dêr net oan besûndigje. Betink sels mar wat, lêzer.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Jelma Knol

Ferslach Skriuwwykein op Skylge 5-7 juny

logo.ensafh

De kursus Kreatyf Skriuwen yn it Frysk it ôfrûne wykein op de Folkshegeskoalle Skylgeralân hat fiif nije skriuwtalinten oplevere. Under lieding fan skriuwer en dichter Piter Boersma en stazjêre Jelma Knol, beide al jierrenlang redakteur fan de tydskriften HJIR en Ensafh, wurken de kursisten ûnder it biedwurd ‘Fersterkje dyn talint’ op Skylge oan in grut ferskaat oan skriuwopdrachten. Tips foar it ferbetterjen fan de ambachtlike feardichheden fan de skriuwer waarden benammen ek socht yn de ynspirearjende natoer fan Skylge.

Hoe kinst de natoer it bêste ûndergean? Set ast bûten bist al dyn sintugen iepen en wurkje oan de skriuwopdracht dy’tst krigen hast.… Lês fierder

Jelma Knol

Amigos de musica op jierdeibesite

logo.ensafh

It ûnthâld is in ferrifeljende oangelegenheid. Oait hie ik in goedkeap radiokassetterekorderke en dêrmei naam ik dan de moaiste nûmers op sa’n goedkeap BASF-bantsje op. Myn muzikale opfieding krige ik jûns let fan de VPRO-radio mei it muzykprogramma Amigos de musica. Wim Noordhoek, Jan Donkers en Rik Zaal. In soad blues, sels french blues, Captain Beefhart, Randy Newman. Earliksein, oan de Captain haw ik noait wenne kind. French blues, út de sompen om New Orleans hinne fyn ik frij ferfeelsume muzyk, hoe nijsgjirrich de oarsprong fan de streaming op himsels ek is. In broer fan my is spesjalisearre yn dy muzyk en yn de gitaarmuzyk fan in oare helt, Django Reinhardt.… Lês fierder

Jelma Knol

Die Erde ist mir Heimat nicht geworden

logo.ensafh

Guon plakjes hawwe wat magysk. In fakânsjewike oan de Ryn fierde ús fan ’t hjerst nei de Lorelei, de berch en de bocht yn de rivier mei de heimsinnige, ûndergrûnse rotsen dêr’t safolle skippen op strânen. We besochten de berch foar de twadde kear en de sitewaasje wie wat oars as tsien jier lyn. It besikerssintrum en de bussen mei toeristen en skoalbern koene wy werom, mar oer in ûnbekend boskpaad kamen wy telâne by in útsjochpunt oer de Ryn. Wy wiene bedarre yn in soarte fan bierhal, dy’t Lorelei, the Rock hiet. In geweldich útsjoch, goede kofje hiene se der ek en it duorre even foardat ik ta my trochkringe liet dat de muzyk dy’t draaid waard rockmuzyk wie, út de jierren sechstich en sântich.… Lês fierder