Duo von Däniken wiist jo de wei nei it nije jier 2024!
Klik op ‘e foto foar de muzyk.
Begjin novimber wie ik foar it earst yn goed alve jier wer yn Berlyn, de stêd dêr’t ik yn 2011-2012 wenne. Ik kin eins net útlizze wêrom’t ik der sa’n skoft net west haw, ik bedoel, it is in stêd dêr’t ik fan hâld en dan soene je sizze dat je der sa faak as mooglik hinne wolle, sa as mei in grutte leafde dy’t him of har yn ien of oar plak, net neist de doar, ophâldt. Mar ja, sa as Willem Elsschot al sei yn it Flaamskfrysk: tusken dream en die stean wetten en praktyske beswieren.
Wêrom’t ik dan no wol gong?… Lês fierder
Hjir soe eins in kollum oer myn besite oan en aventoeren yn myn eardere wenplak Berlyn komme, mar it wiere libben is hookstrooks binnenkaam en dat hat alles te krijen mei de ferkiezings fan 22 novimber 2023. No kin ik fansels wol fan alles fine en as in gek begjinne te roppen en te razen, mar dan sit ik by eintsjebeslút ek yn it spoar fan it populisme mei syn folksemosjonele ûnderliifgjalpen en helder soe it tinkt my ek net wurde. Wat al helder as glês is, is it partijprogramma fan’e PVV, it is sels sá helder dat je it glês net iens sjogge en skreaun yn klearebare ‘Jip en Janneketaal’.… Lês fierder
Yn de rubryk ‘Tusken de wurden’ hat Meindert Looper in lang petear mei Abe de Vries.
Wy komme yn ‘e kunde mei in alsidige geast, dy’t eins te grut is foar Fryslân.
Yndrukwekkend…
… Lês fierder
Ik fal fuort mar mei de doar yn ’e hûs, achte lêzers. Hoe geane keunstners, en dan bedoel ik yn dit spesifike gefal mysels, om mei teloarstelling? No, goed dan, om’t ik hoopje dat ik neist keunstner ek nochris in gewoan minske bin, kin elkenien der faaks noch wat oan hawwe. Ik gean foar de filosofyske koartste klap as oplossing, in bepânsere grûnhâlding … Hielendal neat ferwachtsje fan je keunstnerskip en witte dat der net ien op je sit te wachtsjen. Dit alles om foar te kommen dat je net de helte fan je kostbere tiid kwyt binne mei it ferwurkjen fan wanmoedigens en gefoelens fan trystens.… Lês fierder
Rapsody foar bern fan Berend Folkertsma. Spile troch Folkertsma syn omkesizzers Katryn en Anne.
In opname út it programma Westewyn fan Omrop Fryslân.
Klik op Folkertsma foar de muzyk
In tryst lietsje fan Duo von Däniken: ‘Ik stopje mei de Fryske literatuer’.
Feiko Radsma begeliedt it Duo op it Müller-oargel fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.
Klik op ‘e foto foar de muzyk: