Duo von Däniken

Triennen yn myn glês

logo.ensafh

Duo von Däniken sjongt de blues…

 

Klik op ‘e foto foar de muzyk

Triennen yn myn glês

Triennen yn myn glês
Wyn fluitet om myn hert
Ik drink mar op dyn namme
Do komst net werom

Triennen yn myn glês
Triennen yn myn glês

Dit hûs komt my frjemd foar
It is sá kâld en leech
Skjinne J slút myn eagen
Do bist no myn freon

Triennen yn myn glês
Triennen yn myn glês

Myn siel wol in bytsje rêst
Ik drink mar op dyn namme
Do komst net werom
Ik bin in minske sûnder doel

Triennen yn myn glês
Triennen yn myn glês
Ik gûl…
Ik gûl…… Lês fierder

Anne Feddema

Taksonoom

logo.ensafh

 

 

Yn in dream
Socht ik nammen
Fan ’e skepping
Yn stam en sied
Under stjerren
Kâld en stiif
Yn in swarte tún
Olea europaea

Ik fûn:
It libben hast foarby
Myn eigen namme
Under oliven
Alde tsjûgen
Alde freonen
Sulvergriis

By it lemieren
Ken ik alle soarten
En mysels

It nije libben brekt út
Yn strieljend wite blossem… Lês fierder

Anne Feddema

Kofjeskoft

logo.ensafh

Bekt lekker dat wurd, om it mar ris taalpopulêr te sizzen. Wêr wol ik no wer hinne? No ja lêzers, in kear wat oer mysels fertelle, as brûker fan deistige genotmiddels. Ut it deiboek fan in konsumint, sis mar, skreaun yn in Dostojevskiaanske grandioaze styl. Dan sil ik sterke bakjes sette moatte foar de konsumint, as dy der al is, dy’t myn wurden ta him nimme sil. Der wie in tiid dat ik net alle dagen – wáát … net iens alle wiken – kofje dronk. Ja, apart genôch, as jonkje fan tolve jier fûn ik it hearlik om jûns in stikje bôle mei snijwoarst te iten en dêr in bakje kofje by te drinken.… Lês fierder