Harkje nei dit spannende mearke oer Piebe Postema en Eba, de podde…
… Lês fierder
Lêzers kom op, net sitten bliuwe dêro! Omheech mei dat loaie gat. Dûnsje en sjonge, oer fan alles en noch wat. Libben bringe yn it libben, yn ’e keunsten, dus ek yn ’e literatuer, as lêzer, leafhawwer en as dichter. Jimme moatte mar tinke mei Charles Baudelaire (1821 – 1867): Enivrez-vous. Il faut être toujours ivre, tout est là. Wurd dronken. Wês altyd dronken, sa sit it. Sa earst mar efkes, oars bin’ jo al wurch nei trije rigels fan myn hân. Mar wêr wol ik hinne? Wat wol ik sizze? Ik mis wat … No sille jimme tinke, sykje dan, Feddema, en fal ús net lestich mei dy kwasy poëtyske gjalpen.… Lês fierder

Foto Anne Feddema
Alle dagen wer:
Ferrifeljende ferrizenis
Trochrinnende foarstelling
Heil Jo ferhearde Heare
Yn tsjerke fan Antequera
Dêr’t it deade hout
Altyd grien west hat
Beam fol frucht
Rook fan sitrus
Ut krús
Ropt messiaansk
Gefoelen op ek
Al leau ik net
Bring my in
Blinenien
Ik sil sjen
Oft ik eat
Foar him of har
Betsjutte kin
En Nij Testamintysk
Op ’e eagen spuie
Hè toe ju dichter
Falske ferlosser
Dy’t amper weet hat
Fan dea en libben
Gau nei bûten
Yn Andalusysk ljocht
Sjoch tsjusternis yn
Dyn eigen bestean
Gean der mar op út
Bring de minske
Fleurich roubeklach.… Lês fierder
Lykele, de âldste fan de bruorren Looper, hat in emoasjoneel petear mei de nije stjer yn de Fryske dichterswrâld: Baukje Skriemer.
Nei de dea: Dichtung und Wahrheit … Wat is wier? En wat kloppet bygelyks net fan alle ferhalen dy’t foar it ljocht komme as immen, yn dit gefal in hiel goede freon, ferstoarn is? Je hoege, neffens my, net dea te gean om in boarne fan ferhalen te wêzen foar in oar, sjoch it deistich libben. Miskien, lêzers, hawwe jimme der eat fan meikrigen: Eddy Sikma, De Skilder, de Ljouwerter keunstner, baas tekener fan vedute (stedsgesichten, wenten, tsjerken, ensfh.) en ekspresjonistyske, abstrahearre skilderijen (opset yn fjouwerkante, swarte en primêre kleur kwaststreken fan bygelyks it Waad en ek gauris fan bouputten en havenplakken as Harns), is der net mear.… Lês fierder
Anne Feddema syn gedichten yn de papieren edysje fan ensafh ‘Túnfers’, nû 4-2024, s. 24 en ‘Signo de interrogación’, nû 3-2024 s. 5, binne binne net alhiel korrekt werjûn.
Hjirûnder folget de goede ferzje fan de twa gedichten.
Túnfers
Ik sjoch: ik bin
Dit skriuwen
Mear as
In jier lyn
Al begûn
Op dat stuit
Wie oanset
En ynhâld
As tún sels:
Geranium
Bjirk
Ljocht
Klyster
Skaad
Nei in goed jier
Is dat der
Allegear noch
Mar it wurdt no
In oar fers
Stadich dochs
In oare ik
De timelapse kamera
Fan myn libben
Sjit wolkens,
Ljocht en skaad
Hieltyd flugger
Om my hinne
Signo de interrogación
Hoefolle hearehombres
Yn Spanje, soene der noch
Burdsjes hawwe lykas
Fernando Rey?… Lês fierder
It Duo hat okkerlêsten efter in kast yn in wenning yn de Ljouwerter komponistebuert in kassette fûn fan de raar oan syn ein kommen Freek Douma. Faaks is Douma foar de âldere stedsjers noch in bekend kroechfiguer fan sa’n tritich jier lyn.
Harkje nei syn ‘Ik bin un Liwwadder’.
Klik op it portret foar de muzyk