Anne Feddema

It hat wat

logo.ensafh

 

 

 

It hat wat
Held fan it 
Deistich libben
Hiel betiid
Yn ‘e rein nei
De trein rinne
Lytse rêchsek foar 
Grutte rêchsek efter
As sil ik nei it front

It is neat 
It reint hurder
Griene ponsjo 
Oer alles hinne 
Trein rydt fuort
Ik rin as in gek
Heal karnavalshynder
Blyn oer it perron 
Hookstrooks
Eangst en pine 
It slachfjild 
Skom op ‘e  bek… Lês fierder

Anne Feddema

In Brân Nije Dei

logo.ensafh

Bestiet der soks as jilddadaïsme? Tsja, miskien is al it jild by eintsjebeslút wol dadaïsme. Dagobert Schwitters, dat soe al eat wêze no? Dêr soe ik wiidweidich en ynkringend op yngean kinne en faaks doch ik dat no ek al. Hawar, wêr wol ik hinne? Nei it Keninklike Stasjon fan Haarlim. Ik wit fansels net oft al myn lêzers dêr wolris west hawwe, mar achtentweintich moatte der dochs wol ompankoekje op dizze wrâld, hoopje ik. Wêrom achtentweintich? No komme we alsa dêr’t wy wêze moatte. Der is in tige ergerlik reklamespotsje fan in jildútset onlinebank op telefyzje of iPad, iPhone of wat dan ek.… Lês fierder

Duo von Daniken

Ds. Ype Schaaf sjongt: Een kopje thee

logo.ensafh

Kenne jo dûmny Ype Schaaf noch? Dat sil grif jilde foar de wat âldere lêzers/harkers op dit plak.

Okkerdeis kaam in opname foar it ljocht, mei Ype Schaaf as sjonger. De datum fan it audio-fragmint ‘Een kopje thee’ is net bekend. Schaaf wurdt begelaat troch Nynke Schotanus op gitaar en leden fan it Frysk Orkest.

Klik hjir foar dit moaie lietsje.… Lês fierder

Anne Feddema

Mear Vermeer ferneare?

logo.ensafh

Ein 2019 of begjin 2020, noch foar alle Koroana-ellinde, besocht ik de tentoanstelling Rembrandt – Velázquez yn it Ryksmuseum. It wie in prachtútstalling mei wurk fan ’e grutte skildershelden út ’e kanon fan ’e westerske skilderkeunst. Alsa net allinne Rembrandt en Velázquez, mar ek: Zurbarán, Murillo, Ribera … Frans Hals, Adriaen Coorte en … dêr is er … Johannes Vermeer. De tentoanstelling wie te sjen yn ’e ‘Philipsvleugel’ fan it Ryjks, dat is in diel los fan ’e oare sealen fan it museum.
Wa fan jimme wolris yn it Ryks west hat, wit faaks hoe’t de skilderijen fan ferneamde skilders út ’e 17e iuw dêr ophongen binne.… Lês fierder

Anne Feddema

It moat oars …

logo.ensafh

 

 

 

It moat oars …

God, de barokke
Yn ’e Katedraal
Fan Malaga
Soarget goed
Foar elk minske
Ik sjoch in wûnder

Fia Spaanske byldhoukeunst
De aartsbiskop fan Lima
Makket in sike yndiaan better
Dy’t der by leit as de Krúsling sels
Gleon hantsje derop…klear!

Earst bringt ús Señor sykte
En as in echte Hear:
Nea dea
Gjin sykte mear

Bûten de pûst
Sûnder taal
Hâld ik ho
Op Machu Picchu
Ik sjoch
Bloed, slangen
Sinne …
Viracocha
Betsjoen my
Mei in nij
Skeppingsferhaal… Lês fierder