Anne Feddema

It moat oars …

logo.ensafh

 

 

 

It moat oars …

God, de barokke
Yn ’e Katedraal
Fan Malaga
Soarget goed
Foar elk minske
Ik sjoch in wûnder

Fia Spaanske byldhoukeunst
De aartsbiskop fan Lima
Makket in sike yndiaan better
Dy’t der by leit as de Krúsling sels
Gleon hantsje derop…klear!

Earst bringt ús Señor sykte
En as in echte Hear:
Nea dea
Gjin sykte mear

Bûten de pûst
Sûnder taal
Hâld ik ho
Op Machu Picchu
Ik sjoch
Bloed, slangen
Sinne …
Viracocha
Betsjoen my
Mei in nij
Skeppingsferhaal… Lês fierder

Anne Feddema

Reade rieme

logo.ensafh

Reade rieme en in soad pine, hjoed rea moarn dea. Jimme superhelddichter Reade Rimer oan it wurd … de kollumnist hat de gek der mar in bytsje mei, want dat hâldt him noch wat oerein. Ik fiel my earlik sein net werklik geweldich … twa wike lyn krige ik pine yn ’e rjochterearm … earst tocht ik noch dat it fan ’e besite oan ’e sportskoalle kaam … te rûch treend of soks … jo kenne dat wol of net … ik wit neat oer it sportive hâlden en dragen fan ús lêzers … nei in pear dagen kamen der reade plakken en midsiuwske bulten, bongels en blaaskes, fol mei focht dêr’t it wetterpokkefirus tahâldt.… Lês fierder

Anne Feddema

Geheim

logo.ensafh

 

 

 

Bûtenút fyts ik
Foarby it
Beweechlik stillibben
Kryptysk fertsjuskjen
Komt my temjitte
Noch waarme
Novimbersinne
Rook swiet
Wiet hea
En jarre
Lânlibben
Fata Morgana
Wrâld trillet
Yn ljocht
Boere-oaze
Protters op dongbult
Aanst tsjuster dûnsjend
Oan ’e himel
Yn waaiende wolkens
Fûgelfoarsizzing

Nim my op
Yn jimm’ waarme
Tsjettertekken
Faaks mei nije wjukken
Haw ik jim ek eat
Te fertellen… Lês fierder

Anne Feddema

Jubileum

logo.ensafh

Dit jier bin ik fjirtich jier byldzjend keunstner. Sa no en dan kin ik dat sels net iens leauwe. Wêrom en hoe wit ik dat? Gjin prikklok, baas of administraasje dy’t my dat fertelle kin.
Fjirtich jier lyn waard ik ien en tweintich en in skoftke derfoar hie ik myn earste grutte skilderij makke. Earne yn it begjin fan septimber 1982 wie ik dêr oan begûn. Tocht ik doe werklik konkreet: Ik bin keunstner. No nee, perfoarst net hear … ik fielde gewoan in ynderlike twang om te skilderjen.
Aldergeloks is dy twang altyd bleaun. Foar jild haw ik net al te faak it pinsiel of tekenark yn ’e hân naam.… Lês fierder