Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (3): koppen rôlje litte

logo.ensafh

Wa makket tsjintwurdich de koppen by de Ljouwerter Krante? It liket der op as wurdt it útbestege oan yntellektueel minder bejeftigen dy’t net sa op ‘e hichte binne fan it Frysk en de Fryske literatuer, om it mar swak út te drukken. Twa foarbylden: ‘Obe Postma Selskip werkt aan visie op landschap: ‘Nei hokker lânskip sjogge ús lytsbern in 2050? Sille sy sizze: goed dien of dochs net?’

Soe it nommele Obe Postma Selskip net witte dat it wurd ‘lytsbern’ yn it Frysk net bestiet? It is: ‘bernsbern, pake- en beppesizzer, pake- of beppesizzer, pakesizzer, beppesizzer’, neffens Frysker.

En dat wie der noch in artikel oer de Rely Jorritsmapriis 2022 fan Jacob Haagsma mei de folgjende kop: ‘Rely Jorritsma Fûns bekroant fjouwer ferhaleskriuwers en likefolle dichters, dy’t 1000 euro de man riker wurde.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Mingd nijs (2): jild en suertsjes

logo.ensafh

It Skriuwersboun wol mear jild foar de Fryske literatuer. Moai sa, ik wol ek wol mear jild hawwe. Lykwols, as jo dit stik goed lêze, dan falt dizze passaazje op:
Mear ynset fan ynstituten lykas Tresoar en de Fryske Akademy foar de Fryske literatuer, wat ek ynhâldt: mear praktyske stipe foar it Skriuwersbûn troch Tresoar.
Provinsjale erkenning foar de wichtige funksje fan it Skriuwersbûn as belangebehertiger fan skriuwers en oersetters. Om dy taak ek op langere termyn ferfolje te kinnen is in ferheging fan it jierliks subsydzje needsaaklik.
It Bûn slacht himsels dus net oer, wat it freegjen om jild en stipe oanbelanget.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (1): dramatysk

logo.ensafh

It tydskrift de Moanne hie yn de simmer fan 2022 yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante in ynearsten nijsgjirrich lykjende searje publikaasjes: Dizze simmer publisearje de Leeuwarder Courant en literêr tydskrift de Moanne seis koarte ferhalen, lietteksten en gedichten fan oanstoarmjend Frysk skriuwtalint. De skriuwers bûgden har oer it tema ‘de kleau – de kloof’.’
Lit ik it mar net oar de kwaliteit fan de teksten hawwe, de skriuwers binne noch jong en kinne noch hiel wat byleare. Wat my al opfoel dat der frijwol gjin Frysk skreaun waard troch dizze ‘oanstoarmjende talinten’. Allinnich de nijsgjirrige Amerikaanske ymport-Fries Preston Losack hat it Frysk brûkt yn syn spoken word foardracht.… Lês fierder