Rieuwert Krol

Iensume bylden of bylden fan iensumens – Oantekenings oer de resepsje fan Sjoerd Spanninga

logo.ensafh

Der is net in protte skreaun oer de dichter Sjoerd Spanninga. Wat der al skreaun is bestiet foar in grut part út resinsjes. No’t yn 2007 troch Jabik Veenbaas en Abe de Vries mei de blomlêzing Indian Summer in kar út it dichtwurk fan Spanninga makke is, is it nijsgjirrich en besjoch in pear mieningen oer dizze noch altyd net goed te pleatsen poëzij.

Yn it stik ‘Spanninga en it kwea’ (yn Identiteit en kowesturten) skriuwt Abe de Vries dat it hiele dichterskip fan Spanninga ta in skyld wie fan syn skrutene hâlding foar de wrâld oer. Syn hâlding wie neffens de Vries in loyaliteit oan de muze.… Lês fierder

Edwin de Groot

Roomske monolooch

logo.ensafh

hoe’t it begûn it daagjen omskreaun mei taal rigels of krekt it wyt
der tuskenyn bûn dat ferhaalt in kommen en gean fan de nachten de
dagen
ta dagen makket it ûntbrekken fan wyt de letters de wurden der
wie ris

net ien derby tichtmitsele no mei de keunst fan ’t oertsjûgjen
en it Skrift is suver want it boek is tsjok in tsjok boek
oer hoe’t it gien is neam al it oare ketters praat

Al draait om ús, Galileo Galilei!
de ierde te swier en klim oer de sinne fal oan de oare kant werom
wy draaie der net omhinne sa is it skreaun do silst it net winne

wy skake mei it swart en wyt fan taal mat is gjin opsje
ús kening sil noait om kom werom fersmyt dyn bernich praat
knibbelje foar de bûtenkant ús muorren fan perkamint bûch

lit ús it wurd de fear de inket brek thús yn Arcetri
achter de kleden dyn tosken op de lear de boeken
tink ast it net litte kinst

mar it wyt dat mist is uzes loadse wy it rap en rút
de dagen dêr’t hja yn duorje it ûnthâlden faak net wurdich
en dan net slim as guon oer de râne falle

dat is de wierheid út de grutte hûzen wei gjin plak foar moederaasje
kom net by de ôfgrûn al helpe wy mei in triuwke by need
as it skreaun is of sa gau it skreaun wurdt dat it sa moat

nimmen fan ús bliuwt bern Galileo
en mar in pear wenje yn grutte hûzen… Lês fierder

Jouke Hylkema

Noaswiis

logo.ensafh

De twa manlju hongen wat sjofel ûnderút, oars as it fleurige frommeske dat op it puntsje fan ’e stoel siet. Miskyn fielde se har oanlutsen ta myn wite sportsokken, de swartlearen broek, en benammen de strakke sulverkleurige body dy’t ik oer it optoaide krús lutsen hie. Se naam my mei grutte eagen op. Ik rûsde har op in jier as fyftich, ek al besocht se der noch wakker tweintich jier jonger út te sjen mei in laach maskara dêr’t je samar in muorke mei foegje koenen. Hawar, it frommeske naam it wurd mei in hege, suver sangerige stim dy’t yndied mear by in famke fan tweintich paste.… Lês fierder

Skermer

Fier fuort

logo.ensafh

Wûnderlik, ik fiel my hiel fier fuort. Ik sit wol yn myn keamer, achter myn kompjûter, mar ik bin der net.
De wierheid is neffens my, dat ik fierder fan ’e ierde ôf bin as Neptunus.
Dêr ha ik dan mear as tolve jier oer dien.
It is fassinearjend wat him yn jins holle foardocht.
Ik ha fansels ferlet fan stilte en leechte.
Dat wat bin ik bliid dat ik dy ôfgryslik grutte Neptunus mei al syn moannen en ringen foarby bin.
Myn grimelgrammelpineholle ebbet no wei.

Om’t ik dit opskreaun ha.
Om’t ik it sinnestelsel ferlitten ha, al is it ek mei pine yn it hert.… Lês fierder

Mozart op weg naar Praag

logo.ensafh

Het meest knappe in het werk van Anne vind ik zijn vermogen om en nieuw
soort muzikaliteit te creëren, alsof de schilderkunstige compositie door hem 
wordt uitgevonden. In zijn werk is een eigenzinnig soort muzikale beeldtaal aan het ontstaan vol merkwaardige syncopen, tegendraadse ritmes en onverwachtse 
fraseringen. De compositie onthult telkens weer een lastig te vatten, haast 
tegendraadse balans. En toch, alles in het vlak valt uiteindelijk precies op zijn 
plaats, de meest vreemde combinaties van kleuren en materialen, dikke klodders 
verf naast opgeplakte ijsstokje of zelfs de geribbelde hout structuur van een 
complete fluit, in het werk lijkt soms sprake van een nog onbekend soort 
klankgevoel dat vertrouwd en tegelijk vreemd is.… Lês fierder

Gjin fuotnoat mar in haadstik

logo.ensafh

Resinsint Piter Yedema koe yn 1997 de earste bondel fan Feddema, Slapstickiepenbierings, noch omskriuwe as “fuotnoat by de Fryske letteren, mar yn potinsje liedend ta in net kearen fernijing” – it wurd is allyk ûnkrûd. Ik skreau yn 2005: “Reidhintsje op ’e Styx makket yndie dat Feddema syn dichtwurk no mear is as in fuotnoat by de Fryske letteren. Wa’t – mei of sûnder help fan foarbylden – sa boartlik in eigen wrâld delsette kin, fertsjinnet op syn minst in haadstik”.

Dat haadstik hat Anne no krigen. Net allinnich Anne, ek dy Fryske letteren krije fan my in lokwinsk!

Mear op it weblog fan Abe de VriesLês fierder

Skriuwerswykein 7 en 8 novimber

logo.ensafh

Achte skriuwer, Mei alle wille noegje wy jo/dy út om diel te nimmen oan it skriuwerswykein yn Riis dat holden wurde sil de 7de en 8ste novimber 2009! Literatuer en Aktualiteit, moat in skriuwer fan de 21ste ieu him ynlitte mei wat maatskiplik spilet, of him der krekt fan ôfslute?

It tema wurdt beljochte fan trije dissiplines út: *De resinsint: wat binne syn kritearia? Wat de falkûlen foar de auteurs om maatskiplik beladen ûnderwerpen oan de oarder te stellen? *De toaniel- en kabaretskriuwer: Is it mooglik de realiteit yn in stik yn te bouwen sûnder te belearend te wurden? Hoe skerp mei in kabarettekst wêze sûnder te kwetsen?… Lês fierder