Yn in waarm mar smûk Theater De Bres is op tongersdeitejûn 18 juny de winner bekendmakke fan de Fryske Essaywedstriid fan It Skriuwersbûn en Tresoar. Nei in ynlieding troch de foarsitter fan It Skriuwersbûn, Ammerins Moss-de Boer, dy’t yngie op it wêrom fan de priis en weromseach op de foarige edysje, yn 1994, wie it earst tiid foar in moai stik muzyk fan Bennie Huisman om yn de sfear te kommen. De sjuery, Abe de Vries, Doeke Sijens en Jelma Knol, hat mei nocht de 20 jildige ynstjoerings lêzen en levere in útwreidsk sjueryraport ôf, dat foarlêzen waard troch Jelma Knol.… Lês fierder
