Teleks: Utjouwerij Regaad jout fergees boeken wei oan skoalbiblioteken yn Fryslân

logo.ensafh

Op 28 desimber fan dit jier is it eksakt 400 jier lyn dat skipper Willem Ysbrantsz Bontekoe ôfsette foar syn bekende ûngeloksreis nei Ynje. Fan dizze reis makke hy nei thúskomst in ferslach, “Journaal ofte gedenckwaerdige beschrijvinghe”, wat as basis tsjinne hat fan it ferneamde boek De Scheepsjongens van Bontekoe fan Johan Fabricius. Fan dit boek is yn 2015 in prachtige oersetting ferskynt by Utjouwerij Regaad. No, 400 jier neidat Bontekoe op de rede fan Texel it anker ynhelle, jout Regaad de lêste beskikbere eksimplaren fan dit boek wei oan skoallen yn Fryslân. Skoallen dy’t harren biblioteek of dokumintaasjesintrum útwreidzje wolle mei in eksimplaar fan De Skipsjonges fan Bontekoe, kinne in email stjoere oan ynfo@regaad.nl.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: De tael van et hatte

logo.ensafh

Dörpsblad ’t Kontakt van Der Izzerd, Hooltwoolde en Ni’jhooltwoolde kwam in november mit een extra uutgifte betreffende de theatraole Under de toer/LF2018 veurstelling De tael van et hatte. Et blad is prachtig uutvoerd op glad pepier mit een hiele protte foto’s. Verschillende mitwarkers schrieven in et blad over heur bevienings. Ik moch ok een stokkien schrieven.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Waarom niet meteen alle recensies automatisch genereren?

logo.ensafh

Stond ik op het punt om naar aanleiding van een bericht op Tzum over het voornemen van NBD Biblion om recensenten te vervangen door automatisch gegenereerde aanschafinformaties een verontwaardigd stukje te schrijven, blijkt het allemaal toch wat genuanceerd te liggen dan Tzum doet voorkomen.

In mijn arbeidzaam leven als bibliothecaris vlooide ik in het kader van wat ‘collectievorming’ werd genoemd minstens tweehonderdduizend van die aanschafinformaties door. Aanschafinformaties – ai’s voor intimi – zijn korte op bibliotheekgebruik toegesneden recensies (dus waarom die recensies doorgesluisd worden naar bol.com is me al een tijdje een raadsel). Behalve een korte weergave van de inhoud, bevat een ai informatie over de bruikbaarheid van een titel voor de openbare bibliotheek.… Lês fierder

Teleks: In “Moaie” Fryske Top 100 fan Beart Oosterhaven

logo.ensafh

Op 19 febrewaris 2019 wurdt de sjonger-muzikant en lietsjesskriuwer Roel Slofstra fan Rie 80 jier. Slofstra lei yn 1969 – it oare jier dus krekt 50 jier lyn – as ‘oertrûbadoer’ mei syn elpee In spyltuech bin ik de grûnslach foar de Frysktalige lichte muzyk sa’t wy dy no yn allerhanne ferskiningsfoarmen kenne.

Om Slofstra alfêst te earjen en stil te stean by syn grutte fertsjinsten foar de Frysktalige lichte muzyk, hat Beart Oosterhaven, musikografysk meiwurker fan ’e Fryske Akademy, de ‘“Moaie” Fryske Top 100 2018-2019’ gearstald. It foel Oosterhaven nammentlik op, dat yn ’e Fryske Top 100 sa’t Omrop Fryslân dy alle desimbers op âldjiersdei útstjoert, de lêste jierren alhielendal gjin nûmers fan Roel Slofstra mear te finen binne.… Lês fierder

Annemette Kure Andersen, Geart Tigchelaar

Annemette Kure Andersen

logo.ensafh

https://youtu.be/jb0b5dIn3Gg

Dichter: Annemette Kure Andersen
Kamera, bewurking en ûndertiteling: Geart Tigchelaar

De tredde út in rige koarte filmkes dêr’t Deenske dichters yn oan it wurd komme oer wat it foar harren betsjut om dichter te wêzen.

Yn Youtube it ikoantsje ‘Ondertiteling’ oanklikke foar de Fryske ûndertiteling.

*

VIII

Der wurdt sein dat in klaver
mei fiif blêden ûngelok
bringt ik moat tajaan dat
ik de hiele simmer lang
in fiifklaver meidroegen haw
yn myn bûse fan myn fest
wat no as ik hiel
foarsichtich fuorthelje in
inkeld blêd soe it gelok
my dan folgje as in
flinter dy’t besiket
om te fleanen mei syn heale
wjokken

Oersetting Geart Tigchelaar

VIII

Det siges at en kløver
med fem blade bringer
uheld jeg må tilstå at
jeg hele sommeren har
båret en femkløver i
lommen på min trøje
hvad nu hvis jeg ganske
forsigtigt fjerner et
enkelt blad vil heldet
så følge mig som en
sommerfugl der søger
at flyve med sin halve
vinge

 

Ut:
Fraktur
Borgen 2000
ISBN: 9788721012908… Lês fierder