Blog Lomme Schokker: By de dea del

logo.ensafh

Otto wie hjoed wat stiltsjes en hy is al net sa’n prater. Wylst de oaren fan ús groepke hurdfytsers by de BBC tsjûge wiene fan wat Theresa May yn it teäter fan it Legerhûs oer de Brekshit te ferkundigjen hie, frege ik Otto oan ús stamkroechtafeltsje of der mooglik wat bysûnders wie. Hy knikke ja en kearde him ôf fan ús telefyzjematen. It wetter stie him yn de eagen, doe’t er syn glês Spa Read omheech hâlde.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Blog Eddy Drost: Min waar op ‘e Lemmer

logo.ensafh

Min waar op ‘e Lemmer. It stoarme en reinde yn ‘e Buorren. Hastich rûn ik op it hûs oan. Ik klapte de paraplu ticht en belle oan.
Geale die de doar iepen.
Man, man, wat seach hy derút. Net skeard, it hier dwers op ‘e holle en sa op it earste each dagen net sliepen.
“Kom der yn Melle, ik bin bliid datst der bist.”
Ik wie dweiltrochwiet en die de jas út. Ik folge Geale nei de wenkeamer. In grutte keamer, acht by acht, grôtfol boeken. Tûzenen boeken oer alle fjouwer muorren en sels yn ‘e nije erker stienen de boeken oan’t souder ta.… Lês fierder

Teleks: Poëzij fan Edwin de Groot op RIXT

logo.ensafh

Omfierrens wei stjerre kin elkenien, mar thúskomme is in oar ferhaal

Somtiden lit in gedicht him mar dreech ôfbreidzje en bliuwt hy wat omhingjen yn de holle fan de dichter. It is wachtsjen op de kaai; in útspraak op de radio, in tekst yn ‘e krante en yn dit gefal in foto. De dichter lei noch op e knibbels op it asfalt, seach op it skerm fan syn kamera en hy hie de titel en de lêste losse eintsjes lieten har flot ôfhechtsje.

Lês fierder by RIXTLês fierder