Blog Daam de Vries: It Grutte Wolveberied

logo.ensafh

Yn it lêste Grutte Wolveberied is besletten dat it nei goed 300 jier wol fertroud liket de saak hjir wer ris troch it gat te sjen. Nei yngeande stúdzje hat nammentlik bliken dien dat de walfisk him hjir ek wer permanint nei wenjen set hat mei tank oan tige betûfte Harnzer bartelers om’t de ynhierde Frânsen dy keunst net yn ‘e macht hiene en eins net iens wisten wat in barte is.

Lês fierder by DaamLês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 2, 2018

logo.ensafh

Yn it redaksjoneel fan it foarige nûmer ha wy oankundige dat dit jier yn ien fan de nûmers it Fryske proaza tema wêze sil. Yn dat redaksjoneel stiet ek dit: ‘De Fryske poëzy stiet sûnt jier en dei better oanskreaun as it proaza. Mar dêr’t by proaza de ferkeapsifers as graadmjitter meitelle is dat by poëzy eins net it gefal.’ Yn oansluting op dit lêste kin steld wurde dat as it giet oer de ferkeapresultaten, ferkeapmooglikheden, om diagnoaze fan de situaasje fan de Fryske literatuer en útstellen ta ferbetteringen, it winliken giet om it proaza, om romans en berneboeken. In pear jier lyn al wer hat Ensafh de opdracht krigen om stikken te produsearjen oer de stân fan saken oangeande de Fryske literatuer, rjochte op benammen de ynfrastruktuer.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: 70 prosint fan Yslânske froulju binne hoeren

logo.ensafh

Santich prosint fan de Yslânske froulju binne hoeren. Yslân is in feministyske hel, dêr’t froulju tefolle frijheid ha en te min skamte. It is in lân dêr’t se systematysk harren ras suverje troch babys mei it syndroom fan Down te fermoardzjen. De maatskippij dêr is duvelsk, om’t der troch it sosjalistysk ekonomysk belied gjin tradisjonele Bibelske wearden binne.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Giny Bastiaans

Oerlibje

logo.ensafh

Earder soe ik in net mis te fersteane flok knetterje.
Mar lykas it laitsjen, hie ik it flokken ek fergetten.
Wat foel der fierder noch te flokken, as inkeld om dat iene?
It alderslimste wie al bard. In pear wike lyn.

It rút neist my stie iepen. Yn ús auto. Myn auto. It woe net mear ticht.
Neat holp. Drukke net, lûke net. Alle ruten iepen. Alle ruten ticht. Skoppe. Slaan. Wêrom ha dy stomme auto’s tsjintwurdich net mear sa’n slingerke? Dat je it rút gewoan tichtdraaie kinne?
Boekje derby. 861 siden. Duh.
Earst mar nei hûs. Frekte kâld yn ’e auto.… Lês fierder

Akademytún fol b(l)oeiende taalinisjativen

logo.ensafh

De tún fan de Fryske Akademy – tusken Doelestrjitte 4 en 6 – is it plak dêr’t fan freedtemiddei 25 maaie ôf it folsleine – ientalich Frysk – Frysk Hânwurdboek foarlêzen wurde sil. It foarlêzen fan dit wurdboek, dat sa’n 70.000 wurden telt, is ien fan de simmeraktiviteiten fan de Fryske Akademy yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018/Lân fan taal.

Lês fierder by EBLTEBLTLês fierder