Blog Sigrid Kingma: Stille ferkeap

logo.ensafh

Sa stadichoan kinne jim better de krante lêze om te witten wat der mei my te rêden is. Yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd is der op it momint fan alles te dwaan mei taal. Der wienen in pear moaie dichtersgelegenheden om oer te bloggen, lykas StAnza yn Skotlân en de Obe Postmamiddei. Gelokkich binne der oaren dy’t ferslachjes skreaun ha, al moatte je altyd foarsichtich wêze mei sjoernalisten. It binne bytiden krekt fiksjeskriuwers.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Teleks: Karen Bies troch sjuery Oare Wurden selektearre foar ferbliuw yn Ierlân

logo.ensafh

Skriuwster en programmamakster Karen Bies is troch de sjuery van it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden útkeazen foar in ferbliuw yn Ierlân. Fan de tsien ynstjoerde skriuwplannen fûn de sjuery dat fan Karen it sterkst. De kommisje is fan betinken dat Karen mei har kar foar in aktueel ûnderwerp, in multymediale foarm en in wichtige doelgroep hiel goed oanslút by de opset fan it Oare Wurden-projekt.

Bies neamt har ambisjeuze plan ‘de simmer fan Ids’. Se wol yn Ierlân in Frysk ferhaal foar jongeren (15 oant 20 jier) skriuwe, mar úteinlik moat it in roman en filmsenario foar in muzykfilm opsmite. Se wurket dêrby gear mei in echte band, de Fryske band WIEBE.… Lês fierder

Teleks: Biografy set Joast Halbertsma yn breder perspektyf

logo.ensafh

In nije biografy oer Joast Hiddes Halbertsma lit sjen dat er folle breder oriïntearre wie as allinne Fryslân. Skriuwster Alpita de Jong wurke acht jier oan it boek ‘Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man’ en hat dêrfoar in hiel soad argyfûndersyk dien. “Hy is folle mear as allinne Mister Fryslân. Ik ha syn hânskriftlik materiaal bestudearre. Syn reisferslaggen nei Rome, Napels en Parys bygelyks binne hiel nijsgjirrich. In soad minsken wisten ek net dat er allegear lêzingen hâlden hat, oer fan alles en noch wat, oer polityk, ekonomy mar ek oer Japanners en Sinezen. Dy ha ik no yn myn boek op in tagonklike manier iepenbier makke.”

Lês fierder

Kollum Aant Mulder: de Friezen, in begrutlik folk

logo.ensafh

Dat de Friezen in begrutlik folk binne, ha we sa faak heard, dat we it sels leauwe. It begûn mei de Romeinen en hieltyd binne der wer oaren dy’t sa oer ús prate en skriuwe. Wy lûke ús dat oan en leauwe sa njonkelytsen wol dat we begrutlik, minderweardich binne. It is sels safier kommen dat guon fan ússels it sizze en skriuwe. Dy gedachte kaam wer boppe, doe’t ik ‘De Frisii: een meelijwekkend volk’ fan de skriuwers/gearstallers Looijinga, Popkema en Slofstra yn hannen krige. Sy ha de foarbylden dy’t se fûn ha op in rychje set en dat dogge se yn it Nederlânsk en yn it Frysk en dat wylst de foarbylden ornaris net yn dy talen skreaun binne.… Lês fierder