Frysktalich teater en Fryske literatuer: bring se tichter byelkoar!
Temagearkomste Skriuwersboun oer skriuwen foar toaniel
Op tongersdei 19 april sil it Skriuwersboun in temagearkomste wije oan de ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer. Wy wolle graach in oantrún jaan om de kreative kontakten tusken skriuwers en toanielmakkers yn Fryslân te fersterkjen. De jûn is útdruklik ek bedoeld foar elkenien dy’t yn Fryslân mei teater dwaande is en foar elk dy’t foar toaniel skriuwt of skriuwe wolle soe.
Anja Steegstra en Tjerk Kooistra sille ynliedings jaan oer harren ûnderfinings mei it skriuwen foar toaniel.
Nei harren fyzje op tekst en toaniel kin dêr op reagearre en fierder oer harsensskrabe wurde.… Lês fierder