Ik haw ris mei in heal each nei in film sjoen dêr’t in bûtenierdske macht yn de minsken by it earste kontakt of sawathinne – ik sei al, de film koe my net echt boeie – folslein willeas makken. It liken wol Friezen, dy’t har ommers ek sûnder neitinken ferbrekke en dogge wat in frjemd wol. Ik bedoel … as wy yn it Ingelsk oansprutsen wurde, prate wy Ingelsk. En Hollânsk, Frânsk of Dútsk is it net oars mei: ‘Do ist die Bahnhof!’
In kloftke helden yn ’e film sette it noch tsjin ’e fijân yn ’e kamp, mar it waard in bloedich ûngelikense striid.… Lês fierder