Author Archives: Cornelius
sterke bisten kenne faak gjin genede
sterke bisten kenne faak gjin genede
se ite op it lêst har âlden op
ik wie lyts
ik moast har ûnmacht hiel meitsje
it is gjin skande om te mislearjen
wol om it net te besykjen
sei de pake fan ien dy’t it witte kin
wat sil dit liif no noch
as my drage troch de hjerst
om úteinlik te sliepwanneljen
troch taalgloppen
ienris fan har
dêr glydt it flot al mei de bier
baarnend de rivier ôf
… Lês fierder
Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 6: Steven Sterk
De Jongfryske Mienskip praat yn in podcastrige mei sân gasten oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit.
Yn de sechsde ôflevering is Steven Sterk te gast. Steven is útjouwer, boekhanneler, natuerleafhawwer en pasjonearre ferteller. Mei him wurdt praat oer Fryske boeken en syn wurk as útjouwer en boekehanneler. Mar ek oer identiteit en wêr’t dy út bestiet, yntellektuele leechte yn Fryslân sadat gjin debat mooglik is oer identiteit en dêrtroch ek net oer wêr’t it mei Fryslân hinne moat.
Lês en sjoch fierder by de Jongfryske Mienskip… Lês fierder
Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Transformaasje en Jûntiden
Hoe is it om yn de redaksje fan in literêr tydskrift te sitten?
En mei Gabrielle noch wol by Pauper Poëzie no’t se oan in Frjentsjerter grêft wennet?
Harkje fierder by de Moanne… Lês fierder
Kollum Jan Schokker: Skele ûlen
It wie koart nei it oerdeismiel. Ik stie op myn deade gemak yn it hok oan it skildergriemen, doe’t ik de bekende oehoelûden wer ris hearde. As ûnderdiel fan in searje oer frjemde fûgels hie ik dwaande west mei it troanjemint fan twa gelikense ûlen. Ik hie krekt myn krabbel ûnder it nijste wurkstik set en hoewol’t it nei eigen bestek aardich realistysk skildere wie, koe der lykwols samar gjin lûd út komme. Dan mar ris bûten sjen. Meidat ik de doar iepene, fladderen der twa fertroude ûle-maten op my ta. Frijpostich namen se in sit op ’e hoksdoar.
As it harren sa útkomt sit dat ûlestel op ien fan de tûken yn de krystbeam by de buorlju.… Lês fierder
Sie haben einen schönen Rücken
Begjin novimber wie ik foar it earst yn goed alve jier wer yn Berlyn, de stêd dêr’t ik yn 2011-2012 wenne. Ik kin eins net útlizze wêrom’t ik der sa’n skoft net west haw, ik bedoel, it is in stêd dêr’t ik fan hâld en dan soene je sizze dat je der sa faak as mooglik hinne wolle, sa as mei in grutte leafde dy’t him of har yn ien of oar plak, net neist de doar, ophâldt. Mar ja, sa as Willem Elsschot al sei yn it Flaamskfrysk: tusken dream en die stean wetten en praktyske beswieren.
Wêrom’t ik dan no wol gong?… Lês fierder
Teleks: Provinsjale Steaten: mear ambysje Fryske taal en kultuer
De ambysjes foar de Fryske taal en kultuer moatte omheech. Dêrfoar binne doelen foar de lange termyn nedich. Dy moatte der komme, binne Provinsjale Steaten fan Fryslân fan betinken.
It Steatekomitee Frysk, in selskip út Provinsjale Steaten, moat fan de Steaten mei in útwurke foarstel komme, yn gearwurking mei de mienskip. De Steaten stimden dêr woansdei 20 desimber unanym mei yn. Oanlieding wie in brief fan it Steatekomitee sels.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
…