Martsje de Jong

Katharsis yn De Gouden Liuw

logo.ensafh

Tiisdei 16 maaie wie ik yn it pop-upkafee ‘De Gouden Liuw’ yn Tresoar om te sjen en te hearren hoe’t Gabrielle Terpstra (32) út Ljouwert eksamen die foar de Academie voor Popcultuur. De hie der in foar elkenien tagonklike live-perfomance fan makke, mei de namme Katharsis, dat sawat betsjut as lottering, suvering. De kroech siet aardich fol mei belangstellenden en dichters dy’t útnûge wiene om ek op te treden. Yn haadsaak dichters út de underground, sa’t dat sa moai hjit. Skriuwers dy’t harren poëzy net intsje op lânskip en stilearre langstme nei wat west hat, mar dy’t rau dichtsje, net sjogge nei de perfekte taal, mar nei it gefoel en sa wie it by Katharsis ek.… Lês fierder

Teleks: By de 70ste jierdei fan Margryt Poortstra

logo.ensafh

Margryt Poortstra is net mear sa mei Fryske literatuer dwaande, seit se yn it ynterview dat ik op 22 maart yn it ramt fan myn ynterviewprojekt mei har hold.1
Op de fraach oft der nochris in nije dichtbondel fan har komme sil, seit se: ‘Nee, ik tink it net. Ik bin in bytsje fan it Frysk ôfstapt. Nei de ferhalebondel, fan 2011, hie ik it wol in bytsje hân mei it Frysk.’
Se wennet al salang bûten Fryslân. ‘Foar myn gefoel wie it hieltyd fierder fuort. Ik hie der hieltyd minder kontakten. … Ik ryd sels ek gjin auto.’ Dat hiel maklik oeral hinne, dat slagge ek net altyd.… Lês fierder

‘Schrijvers en lieddichters zijn allemaal woordkunstenaars’– wat valt er van elkaar te leren?

logo.ensafh

Of je nu een verhaal, gedicht of een songtekst aan het schrijven bent, het komt uiteindelijk allemaal op hetzelfde neer. Je wilt een prachtige tekst neerzetten, die emotie teweegbrengt en de lezer of luisteraar raakt. Martijn Breeman is lieddichter en schrijft in het Nederlands. Als lieddichter werpt hij een blik op de schrijfwereld en heeft wat handige tips!

Volgens de lieddichter is de manier waarop hij naar teksten kijkt niet anders dan een schrijver dat doet, het verschil is dat hij het gebruikt ter inspiratie van een lied terwijl een schrijver er een verhaal van maakt. ‘Ik kan natuurlijk niet in andermans hoofd kijken.… Lês fierder

Kollum Arjan Hut: Húskekrisis

logo.ensafh

Minsken freegje my gauris, binne jo famylje fan de dichter Joël Hut?

Mei dizze sin wol ik myn taspraak iepenje. Hoopje dat de minsken derom laitsje kinne. Mar it sil der net fan komme.

Sneontemiddei, kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. We binne dêr foar de presintaasje fan leafst twa dichtbondels. De iene is fan André Looijenga, de oare fan Joël Hut. It is sa drok dat der ekstra stuollen oansleept wurde moatte. Utjouwer Piter Boersma iepenet it programma en fertelt dat er sels de sprekkers amper ferstean sil. “Ik bin sa dôf as wat en it apparaatsje helpt net in soad.”… Lês fierder

Valery Smink / J.Q. Smink

It hûs sliept

logo.ensafh

 

 

Der knoarret in lyts lûd búk
In lichte grom fan âlde mei facht
beklaaide dames
De dames hâlde har dapper
Ien fan de twa net te temmen sûnder
remmen in suver wêzen
Dat oare dappere bern wol sacht en
wûnen fersoargje
Ik wol fan beide dat se binne
Dat moaie bern en frij
Sûnder myn siik wêzen
Ik draaf as in gek troch tsjustere wâlden
Troch de snelheid ferlies ik
myn ferstân
Mar ik ha haast
Al lykje ik in gek
Ik wol myn bern dûnsjen sjen
Op troetelbeare wolken dy’t ik ek fiele
kinne wol
Ik ha haast
Dêrom ha ik haast

Oersetting: J.Q.Lês fierder