It Frysk heart by Fryslân en de Fryske identiteit. Dat fine de measte ynwenners fan Fryslân. Mar de taal stiet ek ûnder druk. De provinsje wurket dêrom oan langetermyndoelen foar it Frysk.
Under de titel ‘Jou dyn taal de romte’ wolle Provinsjale Steaten wite hoe’t de Friezen sels de posysje fan it Frysk fersterkje wolle.
De provinsje Fryslân en it Ryk hawwe ôfpraat dat Fryslân in twatalige provinsje wurde moat, mei in folslein lykweardich plak foar it Frysk. Guon Ryksamtners tinke dat it al safier is, mar foarsitter Attje Meekma fan it Steatekomitee Frysk wyt wol better.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder