Giny Bastiaans

Lekker

logo.ensafh

‘Agoeie’, hearde ik efter my. Dat koe net misse, dy stim wie fan Afke. Dy koe sûnder mankearen gesellich oer de grins fan oardel meter hinne prate.
Afke kaam ik gauris tsjin yn de Appie Hein. En dan hienen we altyd itselde petear. No is it net sa dat Afke en ik al jierren goede freondinnen binne, wy hawwe noch noait by elkoar oer de flier west. Mar as koroana der net tusken kaam wie, wie dat der ûnderwilens grif in kear fan kaam.
Afke en ik, wy binne lotgenoaten. En dat jout in bân. Wy hawwe yn deselde tiid de man ferlern.… Lês fierder

Teleks: Ynleverje manuskripten Fedde & Martha Bergsma Priis

logo.ensafh

Dit jier sil foar de achtste kear de iennichste toanielskriuwpriis fan Fryslân útrikt wurde. Kandidaten kinne o/m woansdei 1 septimber 2021 harren manuskripten ynleverje.

Ien kear yn de trije jier wurdt de Fedde & Martha Bergsma Priis takend oan de skriuwer fan de bêste, oarspronklik Fryske toanieltekst. Oan de priis is in bedrach ferbûn fan € 1000,-. Yn oanmerking komme allinich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t skreaun binne tusken 2017 en 2021. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang. Net allinnich de skriuwers, ek ‘tredden’ kinne it wurk fan in toanielskriuwer ynstjoere. It wurk sil troch de sjuery besteande út: Bouke Oldenhof (winner fan de priis yn 2017), Gerrit Hoekstra en Tsjerk Bottema, beoardield wurde.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Fan Gysbert Japicx sjonge

logo.ensafh

No’t komponiste en sjongeres Hiske Oosterwijk op 17 juny de dûbeld-cd Wurden mei komposysjes ynspirearre op wurk fan Gysbert Japicx útbrocht hat (sjoch de keppelingen ûnderoan, red.) en no’t der yn oktober in teaterkonsertrige Tiidgenoaten oer de dichter holden wurdt, is dat in goede gelegenheid om it yn dizze kollum oer Gysbert Japicx te hawwen.

As we it oer Gysbert Japicx ha, dan ha we it oer immen út lang ferfleine tiden. De measten fan ús sille wolris fan de man heard ha, mar fierder falt it gauris ôf en wit wat mear oer him. Fansels, wy ha yn Boalsert it Gysbert Japicxhûs, mar dat is in museum en Fryske tekstwinkel.… Lês fierder

Wat Maakt Een Gedicht Goed? (4)

logo.ensafh

Een nieuwe serie die wekelijks een antwoord probeert te geven op de vraag Wat Maakt Een Gedicht Goed? Kun je zo’n vraag wel beantwoorden? De medewerkers van Meander zijn achtereenvolgens serieus, speels, poëtisch, humoristisch, streng, onderhoudend, kort, (iets) te lang, verlegen, duidelijk, zeker, geërgerd, motiverend, vluchtig of vragend. Het vierde antwoord komt van Maurice Broere.

Lês fierder by MeanderLês fierder

Kollum Henk van der Veer: Fan onnoasele boeven tòt medogeloase kriminelen

logo.ensafh

Kollum Omrop Fryslân 12-07-21

Foarege week dinsdachavend kwam ut freesleke nieuws over de laffe moardanslach op Peter R.(udolf) de Vries bij mij ok binnen as un dreun. De halve finale foetbal tussen Italië en Spanje intressearde mij nik mear. Ut nieuws over de anslach boeide mij feul en dan ok feul mear. Onfoarstelber hoe rap ut nieuws fia ferskillende kanalen ging. In de groepapp fan myn foetbalmaten wurdde myn andacht foar ut kriminele gebeuren in Amsterdam loof ik nyt su waardeard: ‘Geniet nou even fan ut foëtbal vd Veer…’

Ik kon dus niet mear fan ut foetballen geniete. Met un ròtgang flooch ik over de digitale sneldyk om mar mear nieuws over de moardanslach wete te kommen.… Lês fierder

Blog Yoïn van Spijk: Ik-woorden: deel 1 – het West-Germaans

logo.ensafh

Dat ons woord ik verwant is aan het Engelse I en het Duitse ich, zal niemand verbazen. Er zijn ook overeenkomsten te zien met wat verdere familieleden, zoals het Noorse eg en het IJslandse ég. Stappen we de grens over naar het domein van de Romaanse talen, dan lijken we met heel andere woorden te maken te hebben, zoals het Franse je, het Spaanse yo, het Italiaanse io en het Portugese eu. Toch zijn al deze woorden familie.

Dit artikel is deel 1 van een tweeluik. In deze eerste aflevering gaan we op bezoek bij de ik-familie in het West-Germaans. In deel 2 bespreek ik de ik-woorden in de Romaanse talen.… Lês fierder

Teleks: Gean ‘los’ mei de BoekfeestBoek-ferhalewedstriid

logo.ensafh

Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid foar lêzers út yn it ramt fan it BoekfeestBoek dat op freed 10 septimber yn Paviljoen MeM yn Bûtenpost holden wurdt. Elkenien wurdt fan herten útnûge om in koart ferhaal fan 750-1000 wurden yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen te skriuwen. It tema foar it feest en dus ek foar it ferhaal is ‘LOS’ yn de breedste sin fan it wurd. Wy kinne wer los, kinst loskomme út detinsje, kinst dy losmeitsje of -fiele, neam mar op.

De winner wurdt op it feest sels bekend makke en dy mei dan syn of har ferhaal foar it publyk foardrage.… Lês fierder