Blog Huub Mous: Schrijven in tijden van corona

logo.ensafh

Juist in tijden corona moeten we rouwen onder een lege hemel. Dat was ook het thema van mijn boek Het virus van de melancholie, waaraan ik direct na het uitbreken van de coronacrisis begon te schrijven en dat in november j.l. verscheen. Wij zijn nu drie maanden verder en het is opmerkelijk hoe weinig zichtbaar mijn boek tot nog toe in de media is geweest, terwijl mijn uitgever alle landelijke en regionale media een recensie-exemplaar heeft toegestuurd.

Alleen Omrop Fryslân besteedde er aandacht aan. De overige media – zowel regionaal als landelijk – zwijgen tot nog toe in alle talen.… Lês fierder

Henk Nijp

Healsliten

logo.ensafh

Guon Harnzer pommeranten binne wakker grutsk; der komt dêr no einliks in stânbyld as poarte nei de stêd! Of as in tagong nei it woeljende wetter, mar krekt fan hokker kant jo komme. In jier of wat werom, it wie noch yn ‘e tiid fan KH-LF-2018 wiene der al dryste plannen foar in mânsk hynder (op ‘e efterste poaten) oan it begjin fan de Ofslútdyk, in ‘landmark’. It moast in ikoan fan Fryslân wurde. Ik fyn dat altyd wat apart as men yn it foar al ha wol dat eat in ikoan is. In ikoan is foar myn gefoel pas in ikoan as it himsels as in ikoan ‘bewiisd’ hat.… Lês fierder

Kollum Eelke Lok: Waardeloaze sjoernalistyk

logo.ensafh

We sitte nammentlik mei deputearre Sietske Poepjes. Dy hat blykber in stel adviseurs dy’t net doge. Ik kin my teminsten net foarstelle dat se it sels betinkt. Se hat neffens guon skriuwers in ferkearde Gysbert Japicx-sjuery beneamd. Ja, ik wit dat Abe de Vries in notoire kankerer is, mar ik kin my wol literêrder sjuerys foarstelle. En de eigen kolleezjefraksjes ha no ek sein dat de beoardielingskommisje foar de kulturele saken yn dizze provinsje, net oan de ferwachtings foldien hat. Alle âlde kultuer waard yn ien kear fuortsmiten.

Lês fierder by Eelke Lok

 … Lês fierder

Piter Boersma

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 1, 2021

logo.ensafh

Redaksjoneel

It earste nûmer fan Ensafh stean mânske stikken yn, sa as twa yngeande besprekken, it iene fan Sipke de Schiffart syn roman Sjappy troch Geart Tigchelaar en it oare fan Elmar Kuiper syn dichtbondel Wite Mûle, Swarte Molke troch Teake Oppewal, dêr’t it hiele oeuvre fan Kuiper by te praat komt.
It nûmer iepenet mei in iisbaangedicht fan Jacobus Q. Smink (mei dêrop folgjend as reaksje in iisbaangedicht fan Eppie Dam) en it einiget mei in ferhaal fan Geart Tigchelaar.
Mei it neamen fan Jacobus Q. Smink en Geart Tigchelaar komme wy ek op in oar sjapiter.

Twa gatten
Yn de redaksje binne twa gatten slein, sawol Jacobus Smink as Geart Tigchelaar ha de redaksje ferlitten.… Lês fierder

Teleks: Petear mei skriuwer Paul van Dijk oer ‘Omke Ûle past op’

logo.ensafh

‘Dit is myn earste printeboek. Ik woe wat moais meitsje foar ús soan Hidde, dy’t no seis jier is. Dat waard Omke Ûle past op. Ik ha earst it ferhaal betocht en op rym skreaun. Doe’t ik dêr tefreden oer wie, ha ik de yllustraasjes derby makke. It is echt in printeboek foar pjutten en beukers, mei in soad byld en net tefolle tekst.’

‘Ik kin net op in keammerke sitten gean en op kommando in ferhaal betinke, dat wurket foar my hielendal net. In idee foar in boek komt spontaan omheech buorreljen. Dat is moai, mar ek ûnhandich, want meastal bart soks as it my hielendal net útkomt.… Lês fierder