Spegel
dêr stean ik wer
mei de hannen ûnder de kraan
inkeld in pear tellen duorret it
en toch far ik samar in ein hjirwei
Lês fierder by Dichter fan Fryslân… Lês fierder
Spegel
dêr stean ik wer
mei de hannen ûnder de kraan
inkeld in pear tellen duorret it
en toch far ik samar in ein hjirwei
Lês fierder by Dichter fan Fryslân… Lês fierder
Op 28 jannewaris, nasjonale gedichtedei, hawwe MerkFryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature yn Ljouwert it mienskiplik projekt’Wjerspegelje’ lansearre. Yn Post-Plaza waard it nijste gedicht fan Dichter fan FryslânNyk de Vries ûntbleate, dat dêr diel fan útmakket. ‘Wjerspegelje’ brûkt it ferplichte 20-sekonden-hannewaskmomint om Fryske dichters in nij poadium te jaan.
Foar it projekt die Martin Cnossen, direkteur Merk Fryslân, ynspiraasje op yn Swol:
“Ik haw dêr it projekt ‘Weerspiegelen’ sjoen, wêrby’t op spegels yn hoarekagelegenheden gedichten oanbrocht binne. Je keppelje sa stipe oan de gastfrijheidssektor oan kultueroanbod foar besikers. It like my moai om dêr twa aspekten oan ta te foegjen: it bieden fan in nij poadium oan Fryske dichters én it sichtberder meitsjen fan de Fryske taal.”… Lês fierder
De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 wurdt sneontejûn 6 maart live útstjoerd by Omrop Fryslân. Te gast yn de Westertsjerke yn Ljouwert binne de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma en de skriuwster fan it nasjonale boekewikegeskink Hanna Bervoets.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Alle jierren organisearret Frysk literêr tydskrift Ensafh de Grutte Gedichtejûn. Foargeande edysjes hawwe plakhân yn Snits, Ljouwert en Drachten. Fanwegen it koroanafirus hat de redaksje besletten om der dit jier in digitale edysje fan te meitsjen. Dichters en poëzyleafhawwers hawwe de oprop krigen om gedichten op te nimmen en as filmke yn te stjoeren.
Dat hawwe twaentweintich dichters dien. Al dy filmkes wurde ta ien Grutte Gedichtejûn omsmeid en dy dichtersmaraton giet yn premjêre op freed 5 febrewaris om 19:30 oere op it YouTube-kanaal fan Ensafh. In ryk en bûnt ferskaat oan poëzy en filmkes! De poëzy wurdt ôfwiksele troch muzyk fan singer-songwriter Youp Boelens.… Lês fierder
Geart Tigchelaar hat it streekdichterskip fan Noardeast-Fryslân oerdroegen krigen fan Jankobus Seunnenga. Hy mei de titel foar twa jier drage.
Tigchelaar sil as streekdichter de poëzij nei de minsken bringe, letterlik, wannear’t er mei gedichten de merk op sil. De minsken krigen hjoed sa syn earste gedicht as streekdichter te sjen. Klisjees is skreaun nei oanlieding fan it tema ‘Samen’ fan de poëzywike.
Lês en sjoch fierder by RIXT
Sjoch ek by RTV Noordoost… Lês fierder
Eale Sytze,
Fantastyske moai om te hearren dat Sytze it sa’n treflike oersetting fynt, myn oersetting fan ien fan Nuno Morais syn novelles. Ik fûn it al in grutte ear dat de skriuwer de flagge withoeheech waaie liet fan myn behearsking fan it Portegeesk; dat ik krij der no suver in kleur fan, dat Sytze myn behearsking fan it Hollânsk sa priizget. En dat Sytze it spannend fûn, dat sil ik mei de waarme hân oerbringe oan de skriuwer sels.
Lês fierder by Jaap Slager… Lês fierder
Poetry on Impact
Poëzieweek 28 januari / 3 februari
Dichters laten je alle hoeken van je kamer zien!
Tijdens de Poëzieweek brengt Poetry International elke dag een uitgesproken dichter uit binnen- of buitenland bij je thuis. Live via zoom lezen zij aansluitend op het Achtuurjournaal gedichten over zaken die er naast het hete nieuws zeker óók toe doen, gevolgd door een Q&A. Dus zet koffie klaar en geniet van afzwaaiend Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Poëziegeschenkauteurs Maud Vanhauwaert en Rodaan Al Galidi, Bristol city poet Vanessa Kisuule, Plattelandsdichter Paul Demets, kersvers P.C. Hooftprijswinnaar Alfred Schaffer, Dichter fan Fryslân Nyk de Vries en Neerlans ultieme ambassadeur voor de poëzie Ellen Deckwitz.… Lês fierder