Blog Lomme Schokker: It lange skaad fan Lincoln

logo.ensafh

Wylst myn Amerikaanske maten op Martin Luther King Jr Day hoopfol wachten op de impeachment fan harren o sa geniale presidint wa syn namme wy net mear neame wolle, seach good old Lincoln op dizze jûn foar Biden syn ynauguraasje yn Washington DC del op myriaden ljochtsjes om de fiver foar syn monumint hinne. Ljochtsjes (en flachjes) dy’t mear as fjouwer hûndert tûzen Amerikaanske Covid-19 deaden symbolisearren (yn minder as in jier mear deaden as alle Amerikaanske slachtoffers yn de twadde wrâldoarloch byinoar…).

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Marcel Plaatsman

De kroan op ’e tsjerke

logo.ensafh

No sjoch ik de tsjerke wer. Dat kin hjir allinnich yn ’e winter, as de beammen sûnder blêd binne en it tuorke troch de tûken hinne komt. In echte toer hat ús tsjerke net, mar der is in lyts gefal op set dêr’t de klokken yn liede, dat stiet yn ’e midden fan it grutte skip, it skip mei rûnom ramen en it laaien dak. Dêr sjoch ik nei.

It is fansels in winter yn ’e hûs no. We binne wer ophokke. Dat ik sjoch mar nei dy tsjerke en nei it sleatsje foar myn flat. Yn ’e hûs hear ik de radio en de bern.… Lês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Arno Brok syn Mienskip

logo.ensafh

Tongersdei stie op de app fan de Omrop it nijs dat de Provinsje Fryslân demokratysk fernije wol en harren boargers mear ynspraak jaan wol. Ien en oar soe foar in part troch in nij digitaal platfoarm kinne, mar ek in saneamde Senaat fan Fryslân is in opsje. Yn dy Senaat soenen boargers harren in kear as wat yn it jier útsprekke kinne oer tema’s dy’t aktueel binne.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Befrijing yn de Fryske literatuer ‘Mieren en poepen yn ‘e Fryske letteren’

logo.ensafh

Nije bydrage yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer, fan Bouke Slofstra: ‘Mieren en poepen yn ‘e Fryske letteren’.

Bouke Slofstra: “De Fryske skriuwerij beweecht him yn in meartalige kontekst, lykas de Fryske taal sels. It paradoksale dêrfan is dat dy meartaligens him likegoed yn ’e kontekst fan de Fryske skriuwerij beweecht. In skriuwer kin in oarstalich personaazje wol of net yn syn eigen taal sitearje, en dat kin er op ferskate wizen dwaan. Dêrmei kin de skriuwer in bepaald effekt berikke, of net. Dat personaazje kin op ferskate wizen typearre wurde, mei of sûnder apart taaltsje.”

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Kollum Hilda Talsma: All-innich yn ‘e LOKdown

logo.ensafh

As skriuwer bin ik altyd mei wurden dwaande. Ik kin my bytiden ek oer wurden fernuverje dy’t hiel gewoan binne mar ynienen sa apart lykje. Der binne ek wurden wêryn’t ik ynienen in oare betsjutting sjoch. Bygelyks de wurden allinnich en alleen. It hat meastentiids net in hiele positive klank, want ast dy allinnich fielst dan tinkst al gau oan iensum en fertrietlik. Mar kinst it ek sjen as all-innich of all een, mei ús allen ien. AL kin ek it Universum wêze, it hielal. Ien mei inoar en mei it Universum, dat ûneinich is.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder